Alden yn Achtkarspelen posityf oer de ‘Drink wetter-kampanje’

jannewaris 9, 2022 08:47

Alden yn Achtkarspelen binne oer it generaal tige te sprekken oer de ‘Drink wetter-kampanje’ op it konsultaasjeburo. Hja krije op it konsultaasjeburo by it njoggenmoannekonsult in Difrax-drinkbeker en ynformaasje oer it belang fan it drinken fan wetter.

Foto: Gemeente Achtkarspelen

Mei twa jier krije bern it (foarlês)boekje Drink water met Sem. Alden binne frege nei harren ûnderfiningen en ek meiwurkers op it konsultaasjeburo en de logopedist. “Moai dat âlden entûsjast binne en wy op dizze wize fan it alderearste begjin ôf sûne drinkgewoanten by bern oanleare kinne”, seit wethâlder Margreet Jonker.

‘Drink wetter-kampanje’
Yn de wetterkampanje foar 0 oant 4-jierrigen wurkje jeugdferpleechkundigen, in logopedist, in sûnensbefoarderer fan de GGD en de JOGG-regisseur nau mei-inoar gear. Yn 2018 is de kampanje úteinset as inisjatyf fan JOGG Achtkarspelen. Ofrjûne hjerst is de kampanje evaluearre: it stimulearret in sûne drinkhâlding, ‘makket wetter drinken normaal’ en it komt problemen op it mêd fan taal, spraak of gebit foar.

27% fan de bern drinkt yndie mear/faker wetter nei it petear mei de ferpleechkundige. 91% fan de âlden pleitet foar trochgean mei de drinkwetterkampanje op it konsultaasjeburo. Gjin inkelde âlder advisearret om dermei op te hâlden. Der binne inkelde oanbefellingen, lykas: de beker wat earder útdiele, al mei sân of acht moanne. En dat it wichtich is om omtinken te hâlden foar wetterdrinken yn de perioade nei it konsultaasjeburo, dus as bern nei de basisskoalle gean.

Mear ynformaasje
Wa’t mear ynformaasje oer de wetterkampanje hawwe wol, kin kontakt opnimme mei JOGG-regisseur Willemijn Meijer fia telefoannûmer 088-2299198 en e-mail w.meijer@ggdfryslan.nl.

jannewaris 9, 2022 08:47
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.