Advys DINGtiid: ynbring foar profyl nije heechlearaar Frysk (RUG)

jannewaris 24, 2022 17:50

De fakulteit Letteren fan de Ryksuniversiteit Grins is op dit stuit dwaande om in profyl op te stellen foar in nije heechlearaar Frysk, om’t professor Goffe Jensma ein 2022 mei pensjoen sil. DINGtiid publisearre yn 2020 in advysrapport oer de kennisynfrastruktuer fan it Frysk. Dat resultearre yn in ferdjipjend advystrajekt oangeande de universitêre frisistyk. Yn in advysbrief oan de RUG jout DINGtiid sadwaande ynput foar it profyl fan de nije heechlearaar Frysk.

Boarne: DINGtiid

Yn 2019 hat DINGtiid in advystrajekt opstart oer de fraach hoe’t de kennisynfrastruktuer fan it Frysk der idealiter útsjen kinne soe. Dat hat yn 2020 laat ta it twatalige advysrapport Op ’e syk nei nije dynamyk. Advysnotysje oangeande de kennisynfrastruktuer fan it Frysk, dat oan it kolleezje fan Deputearre Steaten fan Fryslân oerlange is. DINGtiid skriuwt: “Grif mei nei oanleiding fan dat advyswurk hat de provinsje Fryslân yn 2020 in gearwurkingstrajekt binnen de kennissektor fan de Fryske taal inisjearre. As de ‘Universiteit fan it Noarden’ en as hofleveransier fan frisisten – dy’t yn alle domeinen fan it Frysk har wurk fine en sa it yntellektuele fûnemint ûnder it Frysk mei foarmje – makket de RUG dêr út soarte diel fan út.”

Sichtbere en sterke universitêre frisistyk
In sintrale oanrikkemandaasje fan DINGtiid wie dan ek om in sichtbere en sterke universitêre frisistyk as krúsjaal ûnderdiel foar de libbensfetberheid fan it Frysk te boargjen. DINGtiid ferdútst: “Oandacht dêrfoar is nedich, want spitigernôch is de universitêre frisistyk om alderhande redenen al desennialang in nuodlike tûke fan de kennissektor fan it Frysk. En it docht jin gjin nij dat in ûnstabile situaasje net helpt om gearwurking en regeneraasje te befoarderjen. It Frysk hat der úteinlik fan te lijen. Dêrom hat DINGtiid yn de simmer fan 2021 yn oerlis mei Ryk en provinsje Fryslân besletten om in ferdjipjend advystrajekt op it mêd fan de universitêre frisistyk oan te gean. De advysfraach dêrby is om nei te gean op hokker wize oft de universitêre stúdzje fan Fryske taal en kultuer yn Nederlân yn de takomst optimaal foarmjûn wurde kinne soe om djiptekennis fan it Frysk te boargjen. Dat advystrajekt sil DINGtiid him yn de rin fan 2022 mei dwaande hâlde; neffens plenning binne al foar de simmer fan 2022 de wichtichste oanrikkemandaasjes helder. Om’t de heechlearaar Frysk sa’n grutte maatskiplike trochwurking hat as it om de Fryske taal giet, nimt DINGtiid graach de gelegenheid waar om mei te jaan wat yn ús optyk wichtige aspekten fan it profyl fan de nije heechlearaar binne.”

Profyl heechlearaar Frysk
Wat DINGtiid oangiet is de nije heechlearaar Fryske taal en kultuer in persoan:

  • dy’t út bewiisde saakkundigens op it mêd fan de Fryske taal en kultuer wei in liedende en in ferbinende rol spylje kin binnen it kennisfjild fan de Fryske taal en kultuer;
  • dy’t regeneraasje, kennisoerdracht en kennisfergrutting oangeande de Fryske taal en kultuer ta syn/har haadtaken rekkenet;
  • dy’t binnen de ynternasjonale akademyske wrâld writen docht om de universitêre frisistyk duorjend in sichtber en eigen plak te jaan;
  • en dy’t de oansluting mei oare maatskiplike partners siket om it gebrûk en de behearsking fan it Frysk yn de Fryske mienskip op syn breedst te stimulearjen.

Fryske taal en kultuer is wat dat oangiet méár as in akademyske dissipline, ornearret DINGtiid: “Der giet in grutte maatskiplike ferantwurdlikheid mank mei de posysje, dy’t in heechlearaar Frysk wat ús oangiet ek te’n ynliksten fiele en aktyf útdrage moatte soe.”

Lês hjir it folsleine (twatalige) advysbrief oan it fakulteitsbestjoer Letteren fan Ryksuniversiteit Grins.

Lês ek dit berjocht fan It Nijs fan 1 july 2021.

jannewaris 24, 2022 17:50
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.