Ynformaasje oer Fryske skriuwers tenei op ien plak

desimber 22, 2021 12:23
Foto: Aant Mulder

Frysk letterkundich en histoarysk sintrum Tresoar en it Literatuurmuseum yn Den Haag binne mei de Koninklijke Bibliotheek en oare organisaasjes mei biblioteekkolleksjes in gearwurking oangien om Nederlânsk literêr erfgoed oan elkoar te ferbinen. Dy gearwurking hyt ‘Verbonden erfgoed van bibliotheken.’ In auteursportaal dêr’t alle ynformaasje oer ien skriuwer yn te finen is, tsjinnet as praktyske tapassing fan it ‘verbonden erfgoed’.

It wurk fan de yn Fryslân berne skriuwer Theun de Vries (1907-2005), dy’t in ûnbidich grut literêr oeuvre skreaun hat, tsjinnet as pilot foar it auteursportaal. Ynformaasje oer in auteur is faak net op ien plak te finen. Sa bewarret it Literatuurmuseum brieven en manuskripten fan Theun de Vries en Tresoar boeken, foto’s en artikels. Ynformaasje oer syn publikaasjes is te finen by de Koninklijke Bibliotheek en it NIOD Instituut voor Oorlogs-, Holocaust- en Genocidestudies bewarret in fersetsberjocht.

It online auteursportaal Theun de Vries moat in ein meitsje oan de oerlaap oan biografyske en bibliografyske ynformaasje en bringt de belangrykste boarnen by elkoar yn in oersichtlik gehiel. It portaal wurdt op sa’n wize makke dat it ek brûkt wurde kin foar ynformaasje oer oare auteurs. Ein 2022 komt it portaal online.

Nij oan dit portaal is dat gebrûk makke wurdt fan Linked Open Data (LOD). LOD is de standert wize om gegevens sa online op it web te publisearjen dat se (wer)brûkber binne. It kin dan gean om digitale of digitalisearre materialen lykas tekst, ôfbyldingen of audiofisueel materiaal, mar ek ynformaasje oer materialen: de metadata. De data wurdt op sa’n wize oanbean dat der folle makliker, en sels automatysk, ferbining lein wurde kin mei oare data. Dêrtroch wurdt de data riker en nuttiger foar de brûker. De ynformaasje giet net ferlern as in webside opheft wurdt.

In resintlik takende subsydzje fan Stichting Pica makket it mooglik it projekt ‘Verbonden erfgoed van bibliotheken’ út te fieren en dêrmei it auteursportaal te realisearjen. It projekt ‘Verbonden erfgoed van bibliotheken’ rint oant en mei maart 2023.

Boarne: Ensafh

desimber 22, 2021 12:23
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.