‘Wjerspegelje’ suksesfol ôfsletten mei mear as 200 lokaasjes

desimber 9, 2021 08:15

De gedichten fan Wjerspegelje hingje ûnderwilens op mear as twahûndert lokaasjes yn de gastfrijheidssektor, biblioteken, skoallen en gemeentehuzen fan Fryslân. Dêrmei is it projekt fan Ljouwert Unesco City of Literature en Merk Fryslân in sukses wurden.

Foto: Lucas Kemper

De start yn jannewaris en de útwreiding mei 96 lokaasjes yn april wiene bysûndere mominten. Mei it berikken fan de nijste mylpeal en as foltôging fan it projekt fertsjinne Wjerspegelje nochris ekstra omtinken. Dat barde by de Ferhalenacht op freed 26 novimber yn Tresoar, dêr’t ferskate Fryske dichters harren gedicht foardroegen. Mei de fideokompilaasje wurdt it projekt ôfrûne.

Wjerspegelje
Foar Wjerspegelje skreaune 28 Fryske dichters fyftich Frysktalige gedichten dy’t no op mear as twahûndert lokaasjes op spegels yn húskes te sjen binne. Yn de tweintich sekonden dy’t men brûkt om de hannen goed te waskjen, kin men in Frysk gedicht lêze. De Nederlânske oersetting fan it gedicht is ek te lêzen mei de QR-koade op de spegel. Wjerspegelje is in projekt fan Ljouwert Unesco City of Literature en Merk Fryslân, nei Swolsk foarbyld (weerspiegelen.nl) en útfierd mei stipe fan de provinsje Fryslân. De gedichten bliuwe foarearst noch te sjen. De lokaasjes binne te finen op friesland.nl/wjerspegelje.

Ferhalejûn yn Tresoar (foto: Lucas Kemper)

Taal fan myn hert
Yn ferbân mei de koroanamaatregels waard de Ferhalejûn dit jier net yn húskeamers holden, mar op tweintich rommere lokaasjes. Mei it tema ‘Taal fan myn hert’ waard it dochs in hiel persoanlike jûn. Dichters Arjan Hut, Neeltje Bonnema, Sannemaj Betten en Joël Hut droegen yn Tresoar harren Wjerspegelje-gedichten foar. Sannemaj Betten seit dêroer: “Taal fan myn hert is wichtich foar my om’t ik as dichter yn elts stikje ‘taal’ in stikje ‘hert’ stek. Myn taal fan it hert is in miks fan Nederlânsk, Frysk, Biltsk en Dyslektysk. Ik haw oan Wjerspegelje meiwurke mei’t ik it as myn missy sjoch om poëzij mear nei de minsken ta te bringen. Under it hanwaskjen nei in húskebesite fyn ik dêr in prachtich momint foar.”

Besjoch de fideokompilaasje:

desimber 9, 2021 08:15
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.