Winners Komposysjekriich Nijjierskonsert bekend

desimber 22, 2021 10:48

Yn de Finale fan de Komposysjekriich fan it Nederlânsk BlazersEnsemble (NBE) yn TivoliVredenburg binne trije jonge komponisten keazen om mei it NBE yn it Nijjierskonsert te spyljen. Dat binne Femke Schram út Balk, Momo&Cici út Rotterdam en Jet Alink út Bilthoven. It konsert wurdt op nijjiersdei om 18.50 oere op NPO 2 útstjoerd.

Femke Schram út Balk (foto: @Peter Lodder)

Lutzen Rijpma út Eksmoarre (foto: @Peter Lodder)

Der foelen noch mear jonge komponisten yn ’e prijzen. De Publykspriis gie nei Lotte Riegen út Saandam foar har komposysje ‘Samen Sterk’. De Best Performancepriis waard troch singer-songwriter Jeangu Macrooy útrikt oan Ming Lie út Leien en syn meispilers Cas Oudijk, Su San Lie, Li Lian Lie en Marijn Koffeman.

Harm Kolen út Goirle, Daan de Swart út Nimwegen, Elisabeth Kleinmeijer út Tubbergen, Lútzen Rijpma út Eksmoarre, Pol Stam út Grins en Floris van Ballegooijen út Hoevelaken wûnen de Keninklike Konservatoariumpriis. Dy bestiet út komposysjeworkshops dy’t jûn wurde troch komponist Reza Namavar, dosint komposysje Jong KC.

 

 

desimber 22, 2021 10:48
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.