Waarpraatsje: Woansdei ek wat sinne

desimber 7, 2021 19:32

Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – Nei in pear hiel skiere dagen gie it ljocht tiisdei wer oan. Op woansdei sille wy de sinne ek sjen.

Tiisdeitejûn en -nacht reint it in skoft en op guon plakken is wat wiete snie ek net hielendal útsletten. Letter yn ‘e nacht wurdt it drûch en klearret it wat op. De súdwestewyn is matich oant frij krêftich, by de kust lâns krêftich oant hurd. It wurdt 3 graden.

Woansdei wikselje sinne en bewolking inoar ôf en it bliuwt, sa goed as, drûch. De sude- oant súdwestewyn is matich, mar by de kust lâns frij krêftich oant krêftich. It wurdt in graad as 6, mar troch de wyn fielt it kâlder oan.

Fan tongersdei ôf krije wy hast in wike mei skier waar te meitsjen. Fan snein ôf wurdt it wol mylder.

Jan Brinksma

desimber 7, 2021 19:32
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.