Waarpraatsje: Winterske buien

desimber 1, 2021 19:03

Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – Nei in strieminne en rûge woansdei wurdt it de oare dagen fan dizze wike noch net folle better. Tongersdei falle der winterske buien.

Yn ‘e nacht nei tongersdei ta wikselje bewolking, winterske buien en wat opklearringen inoar ôf. De wyn komt út it noardwesten en is swak oant matich, by de kust lâns frij krêftich oant krêftich en by de noardlike kust lâns earst noch hurd. It wurdt 2 graden.

Tongersdei wikselje sinne en bewolking inoar ôf. Der falle rûnom yn Fryslâns wer buien, sa út en troch mei heil of wiete snie. De noardwestewyn is swak oant matich, mar by de kust lâns krêftich. It sil in graad as 5 wurde.

Freed feroaret der net in soad.

Jan Brinksma

desimber 1, 2021 19:03
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.