Waarpraatsje: Tongersdei mylder
Resint ferskynd

Foto © Jan Brinksma
DE JOUWER – Nei in kâlde nacht wie it woansdei oerdei ek kâld en it fielde troch de wyn noch wat kâlder oan. Tongersdei en freed is it wer mylder.
Woansdeitenacht nimt de bewolking fierder ta en letter soe der in bytsje snie, iisrein as rein falle kinne. De wyn komt út it suden en is swak oant matich, by de kust lâns matich oant frij krêftich. De temperatuer leit om it friespunt hinne.
Tongersdei is de loft berûn en it kin sa út en troch wat reine. De sudewyn is matich, by de kust lâns en boppe de Iselmar frij krêftich. Yn ‘e middei rommet de wyn nei it súdwesten en boazet er by de kust lâns en boppe de Iselmar wat oan. De temperatuer leit tusken de 4 en 7 graden.
Freed is it ek myld, mar mei de kryst wurdt it, nei alle gedachten, wer kâlder mei kâns op winterske delslach.
Krystwaar:
De kâns op in wite kryst is 30 persint.
De kâns op in winterske kryst is 50 persint.
Jan Brinksma
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje