Waarpraatsje: Tiisdei kâns op sinne

desimber 6, 2021 17:55

Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – It wie wer in skiere en kâlde winterdei. Op tiisdei sjogge wy miskien de sinne wer efkes.

Moandetejûn sil it in skoft reine en wat wiete snie is net hielendal útsletten. Letter falle der in pear buien mei kâns op tonger en heil. Yn ‘e nacht nei tiisdei ta kin it wat opklearje, mar der falt ek noch in bui. De wyn giet yn ‘e rin fan ‘e nacht fan it westen nei it noardwesten en is swak oant matich, by de kust frij krêftich oant krêftich. De temperatuer bliuwt krekt boppe it friespunt.

Tiisdei wikselje bewolking en sinne inoar ôf, mar letter op ‘e dei rekket de loft wer berûn. De swakke oant matige westewyn krimpt yn ‘e middei nei it súdwesten en wurdt oan ‘e kust krêftich. Mei in graad as 4 is it wer oan ‘e kâlde kant.

Woansdei, tongersdei en freed binne wer tsjustere dagen.

Jan Brinksma

desimber 6, 2021 17:55
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.