Waarpraatsje: Skier wykein
Resint ferskynd

Foto © Jan Brinksma
DE JOUWER – It wie in tsjustere en troch de wyn iiskâlde freed. Wy krije in skier wykein en it bliuwt ek net drûch.
Yn ‘e nacht nei sneon ta is de loft berûn en it storeint sa út en troch. It kin boppedat dampich wurde. By in swakke sudewyn leit de temperatuer om de 3 graden hinne.
Sneon is it skier en der falt sa út en troch storein. Letter op ‘e dei kin it ek noch wat hurder reine. Op in soad plakken is it ek dizenich of dampich. By in swakke súdeastewyn wurdt it 4 graden.
Snein falle der in pear buien en wy sille de sinne wer (hast) net sjen. By in matige noardewyn is it 5 graden.
Takomme wike bliuwt it gjin dei drûch en de sinne sjogge wy, sa goed as, net.
Jan Brinksma
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje