Waarpraatsje: Mylde lêste dei

desimber 30, 2021 19:20

Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – It wie tongersdei in tige mylde mar ek in rûzige dei. De temperatuer kaam yn hast hiel Fryslân boppe de 10 graden. Dat sil op âldjiersdei ek barre.

Tongersdeitenacht is de loft berûn, mar letter yn ‘e nacht is in opklearring net hielendal útsletten. De súdwestewyn is matich, mar by de kust lâns frij krêftich. Mei 10 graden sil it in tige mylde nacht wurde.

Op de lêste dei fan 2021 is it earst drûch en miskien sjogge wy noch wol efkes in glimp fan ‘e sinne. Yn ‘e middei is der kâns op in bui. De wyn komt út it súdwesten en is matich, by de kust lâns en boppe de Iselmar krêftich. It wurdt in graad as 12.

De jierwiksel sil drûch en hiel myld wêze.

Jan Brinksma

desimber 30, 2021 19:20
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.