Waarpraatsje: Myld, mylder, myldst
Resint ferskynd

Foto © Jan Brinksma
DE JOUWER – It kâlde waar is dien, mar wier myld wie it yn Fryslân oant no ta noch net. De oare dagen fan dizze lêste wike fan it jier wurdt it allinnich mar mylder.
Tiisdeitenacht is de loft berûn en op in soad plakken kin damp ûntstean. By in swakke oant matige westewyn leit de temperatuer om de 3 graden hinne.
Woansdei wurdt wer in grize dei en yn ‘e rin fan ‘e moarn set it op in reinen. Letter op ‘e dei wurdt it wer drûch. Earst komt de wyn út it suden, mar letter rommet de wyn nei it westen oant súdwesten en wurdt dan by de kust lâns frij krêftich. It sil goed 10 graden wurde.
Tongersdei en freed is it mei 12 as 13 graden tige myld.
Jan Brinksma
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje