Waarpraatsje: Moandei wer sinne

desimber 19, 2021 18:16

Foito © Jan Brinksma

DE JOUWER – Nei in tige ferfeelsum wykein, sjogge wy moandei de sinne wer ris.

Sneintenacht is de loft noch berûn en by in swakke oant matige noardewyn wurdt it 4 graden.

Moandei komt de sinne der geandewei hieltyd better by. De swakke wyn komt út ferskillende rjochtingen en de temperatuer leit om de 6 graden hinne.

Fan tiisdei ôf wurdt it in pear dagen in hiel stik kâlder.

It waar mei de kryst:
It is al in pear dagen tige spannend hokker waar wy mei de krystdagen krije. De ûnwissigens is hiel grut. Der is in kâns op in kâlde kryst mei wat winterske delslach, mar it kinne ek twa mylde dagen wurde. De ferwachting feroaret fan dei op dei.

De kâns op in wite kryst is op it stuit 20 prosint en de kâns op kâlde krystdagen 40 prosint.

Jan Brinksma

desimber 19, 2021 18:16
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.