Waarpraatsje: Kâlde nacht

desimber 2, 2021 17:59

Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – It wie tongersdei in hiel stik better as woansdei, mar der foelen noch wol in pear flinke buien. It bliuwt ûnstabyl.

Yn ‘e nacht nei freed ta binne der flinke opklearringen mar der kin ek noch in (winterske) bui falle. De wyn krimpt (tsjin ’e wizers fan ’e klok yn) fan it westen nei it súdwesten en is swak oant matich, by de kust lâns letter frij krêftich oant krêftich. De temperatuer leit tusken de -1 en 4 graden.

Freed nimt de bewolking ta en yn ‘e middei sil it sa út en troch wat reine. De sude- oant súdwestewyn is matich, mar by de kust lans en boppe de Iselmar krêftich oant hurd. Mei in graad as 4 wurdt is it ûnlijich.

Sneon wurdt it efkes wer wat mylder.

Warskôging:
Tongersdeitejûn, yn ‘e nacht nei freed ta en yn ‘e iere moarntiid soe it op guon plakken wat glêd wurde kinne.

Jan Brinksma

desimber 2, 2021 17:59
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.