Waarpraatsje: Kâlde krystdagen

desimber 24, 2021 19:04

Sniksweach. Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – It wie lang ûnwis, mar wy krije yn Fryslân kâlde krystdagen.

Yn ‘e krystnacht klearret it stadichoan op. De wyn komt út it easten oant noardeasten en wurdt matich, by de kust lâns en boppe de Iselmar frij krêftich oant krêftich. De temperatuer leit tusken de 0 en -4 graden.

Op Earste Krystdei skynt de sinne flink. De easte- oant noardeastewyn is matich, mar by de kust lâns en boppe de Iselmar frij krêftich oant krêftich. De temperatuer leit de hiele dei om it friespunt hinne, mar troch de wyn fielt it noch folle kâlder oan.

Fan snein (Twadde Krystdei) ôf wurdt it wer minder kâld. Der is in grutte kâns op winterske delslach. Yn ‘e rin fan ‘e dei kin der wat snie falle, mar letter binne izel en rein ek net útsletten. By in matige eastewyn bliuwt it yn Fryslân mei in temperatuer fan krekt boppe it friespunt noch lang kâld.

Takomme wike feroaret it waar bot. It wurdt tige myld.

Warskôging: It hiele wykein kin it troch befriezing as winterske delslach glêd wurde.
Noflike krystdagen!

Jan Brinksma

desimber 24, 2021 19:04
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.