Waarpraatsje: Gjin winter

desimber 5, 2021 19:38

Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – Nei in rêstich mar tige skier wykein feroaret der yn ‘e nije wike net folle. It bliuwt oan de kâlde kant.

Yn ‘e nacht fan snein op moandei is de loft berûn, mar in pear opklearringen binne net útsletten. As it opklearret, dan kin it ek wat dampich wurde. By in swakke wyn út ferskillende rjochtingen leit de temperatuer om it friespunt hinne.

Moandei is it wer skier, mar it bliuwt drûch. De súdwestewyn is matich, by de kust lâns frij krêftich oant krêftich. Mei in graad as 3 is it kâld.

Oant sneon bliuwt it oan de kâlde kant, mar fan winterwaar is gjin sprake.

Jan Brinksma

desimber 5, 2021 19:38
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.