Waarpraatsje: Gjin froast

desimber 13, 2021 18:47

Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – De tsjustere dagen foar de Kryst, dêr komt it dizze wike wol wat op del en winterwaar hoege wy ek noch net te ferwachtsjen. It bliuwt wol in moai skoft, sa goed as, drûch.

Moandeitenacht is it skier en it kin noch hieltyd sa út en troch wat storeine. De súdwestewyn is matich, by de kust lâns frij krêftich. It wurdt 6 graden.

Tiisdei wurdt wer in hiel skiere dei, mei sa út en troch wat storein. By in swakke oant matige súdwestewyn is it mei 8 graden wis net kâld.

Nei tiisdei feroaret der hast neat oan it tige rêstige waar.

Jan Brinksma

desimber 13, 2021 18:47
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.