Waarpraatsje: Fêst ‘winter’waar

desimber 15, 2021 19:12

Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – It waar sit sa fêst as in hûs en dat bliuwt foarearst ek sa. It wie woansdei wol wat ljochter as de lêste dagen.

Woansdeitenacht binne der in pear opklearringen en der is kâns op damp. De wyn is swak oant matich en komt út it westen oant súdwesten. De temperatuer leit tusken de 3 en 6 graden.

Tongersdei wurdt it wer in skiere dei mei earst miskien noch wol wat storein. It kin boppedat dizenich wêze. By in swakke oant matige westewyn wurdt it 9 graden.

Freed feroaret der hast neat.

Foarútsjoch:
It duorret noch tsien dagen, mar der binne oanwizingen dat wy miskien in kâlde Kryst krije, mar wis is dat noch net. Op it stuit wurdt ferwachte dat it mei de Kryst oerdei net folle waarmer wurdt as in graad as 3 en yn ‘e nacht soe it wat frieze kinne (letter mear).

Jan Brinksma

desimber 15, 2021 19:12
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.