Waarpraatsje: Drûge jierwiksel

desimber 31, 2021 17:00 Fernijd

De Langwarder Wielen. Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – It hat op âldjiersdei folle mear reind as juster noch tocht waard, mar mei de jierwiksel is it goed waar.

Aldjiersjûn en nijjiersnacht is de loft berûn, mar it bliuwt, sa goed as, drûch. Der stiet wol in stûfe wyn út it súdwesten, mar dy jout him yn ‘e nacht wat del en giet nei it suden oant súdwesten. De temperatuer leit op âldjiersjûn en yn ‘e nacht om de 11 graden hinne.

Nijjiersdei is it drûch en de sinne sil sa út en troch skine. De wyn komt út it suden en wurdt matich, by de kust lâns frij krêftich oant krêftich. Mei 12 graden is it wer tige myld.

Snein wurdt wer in skiere dei en it bliuwt ek net drûch. By in matige oant frij krêftige súdwestewyn wurdt it goed 10 graden.

Takomme wike sil it stadichoan wat kâlder wurde.

In hiel noflike jierwiksel!

Jan Brinksma

desimber 31, 2021 17:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.