Waarpraatsje: Boppe de 10 graden

desimber 29, 2021 19:51

Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – De lêste twa dagen fan dit jier wurde tige myld, mei in temperatuer dy’t gewoan is yn ‘e gersmoanne.

Woansdeitenacht wikselje bewolking en flinke opklearringen inoar ôf. By de Iselmar del kin it dampich wêze. De wyn komt út it súdwesten en is matich, by de kust lâns frij krêftich oant krêftich. It wurdt in graad as 7.

Tongersdei is de loft berûn en it kin sa út en troch reine. By de Iselmar del kin it wer dizenich of dampich wêze. By in matige súdwestewyn sil it goed 10 graden wurde.

Op âldjiersdei is it ek hiel myld. It bliuwt dan, sa goed as, drûch.

Jan Brinksma

desimber 29, 2021 19:51
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.