Waarpraatsje: Blaugerswinterke wer dien
Resint ferskynd

Foto © Jan Brinksma
DE JOUWER – It krystwinterke is wer dien en wy krije no in lange rite mei (tige) myld waar.
Moandeitejûn reint it sa út en troch, mar moandeitenacht is it foar it grutste part drûch. Letter yn ‘e nacht kin it fan it suden út wer reine. Op guon plakken is it dampich of dizenich. De wyn komt út it suden oant súdeasten en is swak oant matich, by de kust lâns en boppe de Iselmar matich. It wurdt in graad as 4.
Tiisdei reint it sa út en troch. Yn ‘e rin fan ‘e dei sil it in skoft hurder reine. De wyn giet letter op ‘e dei nei it westen oant súdwesten en boazet oan. Boppe it fêstelân wurdt de wyn frij krêftich, mar by de kust lâns en boppe de Iselmar krêftich, miskien wol hurd. It wurdt 6 graden, mar troch de wyn fielt it kâlder oan.
Fan woansdei ôf giet de temperatuer fierder omheech.
Jan Brinksma
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje