Utrêste yn it Bûtefjild

desimber 18, 2021 09:32

Foto Nanne Nicolai

It natuergebiet it Bûteflild, dat de gemeenten Dantumadiel en Tytsjerksteradiel mei-inoar ferbynt, is wer wat oantrekliker wurden as it al wie. Dat diene de beide gemeenten yn oparbeidzjen mei de provinsje Fryslân, It Fryske Gea, rekreaasjeskip Marrekrite, stichting Wetterwâlden en Steatsboskbehear.

Op trije plakken is in ‘skûltsje’ makke, in grutte rûne bank om fytsers, kuierders en wetterrekreänten de gelegenheid te jaan om efkes lins te nimmen en fan it gebiet te genietsjen. Dat kin by it Koekoekspaad, it lân fan Harm en Okje en it Klaasslûske.

Freed 17 desimber binne de skûltsjes offisjeel iepene troch boargemaster Agricola fan Dantumadiel en wethâlder Gelbrig Hoekstra fan Tytsjerksteradiel (foto). De banken binne ûntwurpen troch arsjitekt Nynke Rixt Jukema.

desimber 18, 2021 09:32
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.