Undersikers oerlêst fleanderij beskuldige fan wittenskiplike griemerij

desimber 10, 2021 12:45
Foto: pixabay.com

De wize hoe’t se de foar- en neidielen fan fleanferkear berekkenje kinne mar ta ien útkomst liede: dat útwreiding fan lofthavens altyd foardielich is. Dat makket dat it ûndersyk wittenskiplik net doocht. Dy beskuldiging uterje ûndersyksburo CD Delft en aksjegroep Alliantie tegen Uitbreiding Maastricht Aachen Airport oan it adres fan de Universiteit fan Amsterdam, dy’t yn opdracht fan de oerheid ûndersyk docht nei de mooglikheden om lofthavens út te wreidzjen. De krante Trouw hat dêr hjoed in lang stik oer.

Op ‘t heden docht de universiteit ûndersyk nei mooglike útwreiding fan it fleanfjild by Maastricht. It ûndersyksferslach wie ferline wike klear, mar nei oanlieding fan de krityk hat de provinsje Limburch, dy’t de opdracht foar it ûndersyk jûn hat, besletten om it noch net iepenbier te meitsjen.

Undersikers dy’t de foar- en neidielen fan mear fleanferkear tsjin inoar ôfwage moatte, kamen yn it ferline ta tige ferskillende konklúzjes. Op oanstean fan de doetiidske ministerske fan ferkear Cora van Nieuwenhuizen hat SEO, de ûndersyksôfdieling fan de Universiteit fan Amsterdam dy’t it ûndersyk útfiert, dêrom in pear jier lyn fêste rekkenregels ûntwurpen foar sok ûndersyk. Neffens oare ûndersikers doge dy lykwols net, omdat de útkomst fan it ûndersyk der al mei fêststiet.

Alliantie tegen Uitbreiding Maastricht Aachen Airport hat by de Universiteit fan Amsterdam en de Frije Universiteit, dêr’t ûndersykslieder Carl Koopmans wurket, in klacht yntsjinne. Neffens de aksjegroep hat Koopmans de wittenskiplike yntegriteit skeind.

In beswier tsjin de wurkwize is dat dy in langere reistiid hiel djoer makket. As in reizger nei in oar fleanfjild ta moat of in oar ferfiermiddel kieze moat, kostet dat neffens Koopmans-en-harren in protte jild. Neffens CE Delft kin men ek redenearje dat minsken dy’t langer reizgje moatte fan fleanen ôfsjogge en dêrmei minder miljeuskea feroarsaakje.

In twadde beswier is dat der neffens de ûndersikers pas sprake is fan lûdsoerlêst by 50 desibel. Neffen de wrâldwide organisaasje foar de sûnens WHO is der al sprake fan sliepproblemen by 40 desibel. De WHO advisearret om lûdsoerlêst nachts ûnder de 40 desibel te hâlden en oerdeis ûnder de 45. In ferskil fan 5 desibel liket lyts, mar is grut, trochdat de desibel skaal net lineêr is, mar logaritmysk: 3 desibel mear is likernôch in ferdûbeling fan de lûdssterkte.

Fierder nimt de aksjegroep it Koopmans kwea ôf dat dy net meiwurkje wol oan in second opinion. De ûndersiker seit neffens Trouw: “Bij dit rapport ben ik zelf een soort wetenschappelijk geweten.”

De aksjegroep hat by in ferlykbere klacht oer skeining fan de wittenskiplike yntegriteit fan ûndersikers earder dit jier gelyk krige fan de Erasmus Universiteit yn Rotterdam.

desimber 10, 2021 12:45
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.