Trijetalich ferske fan Faske: ‘Underweis nei dei’
Resint ferskynd
De titel is mei syn ferkeard skreaun: Underweis nei dei (ynstee fan dy). It ferske mei dy titel is fan sjonger Faske en it is diel fan in nije provinsjale kampanje Yung Frysk, bedoeld om jongelju entûsjast te meitsjen foar it Frysk. Dat Frysk hoecht net geef te wêzen en ek net goed skreaun te wêzen. It mei ek mongen wêze mei oare talen.
Faske, dy’t op it Bilt wennet, sjongt yn Underweis nei dei yn it Hollânsk, Frysk en Biltsk. It ferske is hjirûnder te beharkjen:
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje