Tresoar en Literatuermuseum komme mei auteursportaal
Resint ferskynd
It Frysk letterkundich en histoarysk sintrum Tresoar en it Literatuermuseum yn De Haach wurkje mei de Keninklike Biblioteek en oare organisaasjes mei biblioteekkolleksjes gear om Nederlânsk literêr erfgoed oaninoar te keppeljen. Se neame dat ‘Verbonden erfgoed van bibliotheken.’ De praktyske tapassing dêrfan is in auteursportaal, dêr’t alle ynformaasje oer ien skriuwer yn te finen is.
Ynformaasje oer Theun de Vries (1907-2005) bygelyks is op mear as ien plak te finen. It Literatuermuseum bewarret syn brieven en manuskripten en Tresoar boeken, foto’s en artikels. Ynformaasje oer syn publikaasjes is te finen by de Keninklike Biblioteek en it NIOD Instituut voor Oorlogs-, Holocaust- en Genocidestudies bewarret in fersetsberjocht fan him. It online auteursportaal Theun de Vries bringt de wichtichste boarnen yn in oersichtlik gehiel byinoar. It portaal wurdt sa makke dat it ek foar ynformaasje oer oare auteurs brûkt wurde kin. Ein 2022 is it portaal iepenbier.
Nij oan it portaal is dat der gebrûk makke wurdt fan Linked Open Data (LOD). Digitale of digitalisearr materialen lykas tekst, ôfbyldingen of audiovisueel materiaal, mar ek ynformaasje óér materialen: de metadata, wurde sa oanbean dat der folle makliker, en sels automatysk, ferbining mei oare data lein wurde kin. Foar de brûker wurde se dêr riker en nuttiger troch. De ynformaasje giet net ferlern as in webstee opheft wurdt.
It projekt wurdt mooglik makke troch subsydzje fan Stichting Pica.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje