Top 2000 úteinset mei grutte sjo op dak

desimber 25, 2021 09:54

Op NPO Radio 2 is de Top 2000 fan start gien, de list fan bêste nûmers fan alle tiden neffens de harkers fan de stjoerder. De Top 2000 wurdt útstjoerd út Beeld en Geluid yn Hildersum wei. De list is oant midsnacht op âldjiersjûn te beharkjen. Krekt as ferline jier is it programma sûnder publyk.

Leo Blokhuis (l.) en Matthijs van Nieuwkerk (foto: NTR)

Efkes nei midsnacht waard ôftrape mei ‘Promises of a no man’s land’ fan Blaudzun, dat krekt op plak 2000 stiet. Foar de folgers fan de Top 2000 is it gjin ferrassing dat Queen werom is op ien mei ‘Bohemian Rapsody’. Ferline jier stie ‘Roller Coaster’ fan Danny Vera op nûmer ien en waard Queen foar it earst yn jierren nei it twadde plak ferdreaun.

Ferrassend is nûmer trije: Procol Harum mei ‘A whiter shade of pale’. In protte minsken hawwe op dat nûmer stimd mei’t dat it favorite liet fan Peter R. de Vries wie. De heechst notearre Nederlânske nûmers binne dit jier ‘Roller Coaster’ fan Danny Vera (plak 2), ‘Radar love’ fan Golden Earring (plak 6), ‘Avond’ fan Boudewijn de Groot (plak 10) en ‘Soldier on’ fan Di-Rect (plak 14).

Golden Earring stie noch net earder yn ’e top tsien fan de Top 2000. Begjin dit jier hold de band nei mear as in heale iuw op mei’t bekend waard dat gitarist en sjonger George Kooymans oan de deadlike spiersykte ALS lijt.

De hiele list fan de Top 2000 is hjir te finen.

Besjoch hjir de fideo fan de iepening fan de Top 2000.

desimber 25, 2021 09:54
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.