Tom Dykstra: Hoe’t it ferplichte ûnderwiis yn it Frysk in frijbliuwende saak waard…

desimber 1, 2021 16:25

Skôging

Yn de diskusje nei oanlieding fan de Fedde Schurerlêzing op sneon 27 novimber waard de fraach steld wêrtroch’t it ûnderwiis yn it Frysk noch altiten net op alle skoallen in goed plak hat. In antwurd kin wêze dat it Frysk gjin ekonomyske rol yn it maatskiplik libben spilet en dat soks foar de oare rykstaal wol it gefal is. Foar skoallen is der dan gjin oantrún om it Frysk yn it learplan in goed plak te jaan en yn sollisitaasjeprosedueren de behearsking fan it Frysk te freegjen.

Mar is sûnt 1980 it Frysk yn it basisûnderwiis gjin ferplichte fak en tastien as fier- en ynstruksjetaal? Der waard doe fan útgien dat de skoallen it stadichoan wol foarinoar krije soene. Mei in oanbod fan in kursus Frysk foar learkrêften en help en materiaal fan de skoalbegeliedingstsjinst soe dat wol slagje. De ferplichte kearndoelen Frysk – bedoeld as in minimum oanbod Frysk foar de skoallen – wiene gelyk oan dy foar it Nederlânsk. Lykweardichheid dus.

Der ûntstie lykwols frij gau ferset – benammen by de gruttere skoallen – tsjin ûnderwiis yn it Frysk. De kearndoelen soene foar in protte bern net te heljen wêze, mar ek ideologyske arguminten sa as in negative hâlding foar it Frysk oer spilen in rol. Mei in knypeach nei it ferneamde boek Animal Farm fan Orwell soe men sizze kinne: alle bisten (fakken) binne gelyk, mar guon binne mear gelyk as de oare. Nettsjinsteande de ferplichting waard it jaan fan Frysk sa in saak fan de (tafallige) ambysje fan skoalbestjoer en learkrêften foar de taal. Sa ûntstiene bygelyks trijetalige skoallen, mar oaren holden de ‘Fryske boat’ sa folle mooglik ôf. De ynspeksje krige gjin taak om tafersjoch op de kwaliteit (de resultaten) fan it ûnderwiis yn it Frysk te hâlden. Foar it Nederlânsk bestie kwaliteitskontrôle al langer en gjin skoalle woe in negative beoardieling riskearje.
Om skoallen dochs te motivearjen gie de provinsje sûnder didaktyske needsaak akkoart mei it yn nivo ferleegjen fan de generaasje kearndoelen Frysk fan 2006. Dêrmei in earste stap set op it paad nei it ôfwurdearjen fan it belang fan ûnderwiis yn it Frysk.

Yn 2014 is wetlik regele dat de provinsje Fryslân in rezjyfunksje hat by it fêststellen fan de kearndoelen en it jaan fan (parsjele) ûntheffing fan ûnderwiis yn it Frysk. It Ryk hat mei op oanstean fan de PO-raad yn de wet opnommen dat de provinsje by it fêststellen fan de kearndoelen Frysk ‘voldoende draagvlak in het Friese primair onderwijs’ oantoane kinne moat. Sa net dan sil de minister (it Ryk dus en net de provinsje) dy net goedkarre (WPO kêst 9, lid 7). De Raad van State en it Konsultatyf Orgaan foar it Frysk protestearren tsjin dat útstel. Want is soks noch demokratysk te neamen? It rjocht fan de mienskip op ûnderwiis yn eigen taal wurdt sa yn hannen lein fan de útfierders. Dat is wat oars as dat de útfierders belutsen wurde by de realisaasje fan it belang fan ûnderwiis yn it Frysk. Boppedat bestiet foar gjin inkeld oar ûnderwiisfak sa’n regeling, wêrmei’t de oerheid syn ferantwurdlikheid oan de útfierder oerdraacht. In wurchgreep.

Yn it Taalplan Frysk fan de provinsje wurdt derfan útgien dat de skoallen yn 2030 foldogge oan de kearndoelen Frysk. Lykas yn 1980 binne der wer stypjende aktiviteiten op priemmen set (de taalstipers bygelyks) om skoallen te helpen, te stimulearjen. Op himsels neat mis mei, mar hoe realistysk is sok belied troch skoallen wer tsien jier ekstra tiid te jaan, wylst wy al fjirtich jier ûnderweis binne? As net ûnderwilens wurke wurdt oan bepaalde betingsten, dan bliuwt de kâns hiel lyts. Betingsten as

  1. opnimmen fan Frysk as funksje-eask. Nimmen soe learkrêften beneame dy’t gjin Nederlânsk behearskje. Hoe kin it Frysk as fak en fiertaal sûnder betûfte learkrêften (sa’n 34% yn 2018) syn gerak krije?
  2. ynfiering fan in jierliks kwaliteitstafersjoch op de resultaten fan it ûnderwiis yn it Frysk. Benammen it feit dat de skoallen wol beoardiele wurde op de resultaten foar it Nederlânsk en net op dy foar it Frysk is in behindering foar yntegraasje fan it Frysk yn it kurrikulum. Lykwols alle lof foar dy learkrêften en skoalbestjoeren, dy’t ambysje en moed toane om der dochs wat fan te meitsjen.

Yn in fraachpetear mei kommissaris fan de Kening A. Brok yn de Frieslandpost docht dy de warskôging dat sûnder better en mear ûnderwiis it Frysk gjin takomst hat (desimbernûmer 2021). De oerheid soe dêrom as earste de fisieuze sirkel fan oarsaak en gefolch fan te min ûnderwiis yn it Frysk trochbrekke kinne. Goed ûnderwiis as in algemien belang en in ferantwurdlikheid foar de politisy.

Troch op bygeande link te klikken kin kennis nommen wurde fan de brosjuere Frysk ûnderwiisbelied op efterstan holden – In pleit foar in ynklusive oanpak. Dy brosjuere is skreaun as in reaksje op it ûndersyk Cognate facilitation (profyt hawwe fan taaloerienkomst) fan Bosma en Nota oer it Frysk leare te lêzen fia it Hollânsk. Nei in ynlieding stiet yn de haadstikken 2 en 3 it hoe en it belang fan lêzen learen yn it Frysk sintraal. Haadstik 4 jout in analyze fan it Ryksbelied, folge troch it fierhinne folgjend ûnderwiisbelied fan de provinsje yn haadstik 5. Haadstik 6 leit in relaasje tusken Frysk ûnderwiisbelied en etnysk profilearjen en der is besocht om te kommen ta in Fryskfreonliker ûnderwiisbelied. Yn it lêste haadstik wurdt de fraach steld oft it belied fan Taalplan Frysk 2030 effektyf wêze kin en Frysk (ûnderwiis)belied in yntegraal elemint heart te wêzen yn bygelyks nij belied as Bouwstenen voor een Deltaplan.

drs. Tom Dykstra is foarsitter fan de Feriening Frysk Underwiis.

 

desimber 1, 2021 16:25
Skriuw in reaksje

12 opmerkingen

  1. pietervanderplank desimber 10, 12:59

    Hoe tinkt de tsjinstanner? De kaarten lizze dúdlik op tafel. De Haach spilet ‘de Friezen’ mei fertuten tsjin inoar út en kin dat dwaan om’t it folle better as wy tinke op’e hichte is fan it smelle draachflak dat it Frysk ûnder de bewenners fan Fryslân’ hat. De Haach hoecht gjin stânpunt yn te nimmen en kin it proses gewurde litte. As de ‘Friezen’ harren stim oer it plak fan it Frysk yn it ûnderwiis demokratysk útbringe soene, dan soe der in ferhipt lyts bytsje fan oerbliuwe. Dus: zoek het zelf maar uit beste Friezen . . . . Wij wachten in vertrouwen af! Fertrouwen op wat? De goede want demokratische afloop. Ûndertusken meie jimme swaaie meii rigels en wetten. En wize op de jurisdysk lege titel ‘twadde rykstaal’. En as jimme miene dat dy formaliteiten net achte wurde, gean dan mar op nei de rjochter en byneed nei Straatsburch. Wat jullie eisen uit naam van ‘het volk’ is echt wat anders dan wat wij grondwettelijk verplicht zijn aan de staatsburgers, in dit geval de inwoners, van de provincie (ja, dat dan wel want wy presenteren graag een sigaar uit eigen doos) Fryslân.

  2. Cor Jousma foar de Topografyske Wurkgroep Fryslân desimber 10, 19:42

    [[De Haach spilet ‘de Friezen’ mei fertuten tsjin inoar út…]]

    Fine jo de reaksje net in bytsje lêbich. Fan de man dy’t noch dit jier meiholp de Frysktalige plaknamme Waaksens oer de seedyk te kiperjen…

  3. pietervanderplank desimber 11, 13:02

    Wat, Joustra, is in ‘Frysktalige plaknamme’? Waaxens wie ieuwenlang de Fryske histoaryske plaknamme. Hielendal neat Hollânsk oan! Doe waard it yn Fryske stavering feroare ta Waeksens. En werris in nije staveringsferoaring makke der Waaksens fan. Ik wenje dêr op Sjuxmastate, dat ek al ieuwenlang de skreaune namme is mar neffens de nijste stavering ûnhistoarysk Sjûksmastate skreaun wurde moatte soe. Wat foar de útspraak ek wer neat útmakket.
    Mei de findels foar út namme fan ‘it Fryske folk’ tsjin de
    x-en. De oerwinning daget want ús wapens hjitte uniferséle minskerjochen en Europeeske minderhedenstatuten. Tochten jo dat no wier? Hawar, wy kinne dêr net iens oer diskusiearje want diskusje en selsrefleksje steane op it rjochte en sljochte paad no ienear allinnich mar yn’e wei. Wa’t net foar ús fjouwerkante stânpunten is en foar ús geveltsjefrysk, is tsjin de Fryske taal en mei sanien dêr prate wy fansels net. Oer sokken prate wy allinnich ûnderinoar en efter ús hân. Want sa is Fryske sede: dan mei der lêbe wurde.

  4. Cor Jousma desimber 11, 15:56

    Om te begjinnen is myn namme Jousma (hy stiet der boppe)

    Dan hjir it beskate sitaat út it Hânfêst yn ús earste rykstaal:

    10: 2g. het gebruik of de aanneming van de traditionele en juiste vormen van toponiemen in de streektaal of taal van een minderheid, indien noodzakelijk tezamen met de naam in de officiële taal of talen.

    As wy it oer ‘tradisjonele en krekte foarmen’ hawwe, dan hat dy X nea hiem west binnen de fêststelde Fryske stavering(en). Dat al dy arguminten oer dy X hawwe allinne mar mei jo persoan en net mei de Fryske taal te krijen.

    Boppedat, wer is de man bleaun dy’t doe’t er jong wie, mei gie te kombuordefervjen. Doe moasten in soad inkeld Nederlânsktalige kombuorden it ûntjilde…

  5. pietervanderplank desimber 11, 18:03

    As dat der allegearre sa dúdlik stiet (yn de 1ste rykstaal) wat let jo dan, Jousma (sorry), om nei de rjochter te stappen? Skot yn iepen doel soe ik sizze. En net seure en sangerje. De twadde rykstaal is net offysjeel mar al yn’e praktyk gjin Frysk mar Ingelsk.
    It wiere echte punt is lykwols dat de Fryske striid net mear dy fan de gewoane Friezen (foarút fan it folk) is, mar fersútere ta in juridysk en burokratysk skaakspultsje. En dat is tige nei it sin fan De Haach dat dit spul folle better yn’e macht hat en de Friezen om’e tomme heint. En dat is gjin lêbjen mar realistysk sjoen.
    En fierders ‘dy man’ (myn namme is Pieter) is wizer wurden yn’e rin fan’e jierren en hat sjoen hoe’t de ‘striders’ mekoar de bal taspylje en sanedich út’e wyn hâlde yn in kultuerke fan oates en toates. Echt Frysk..

  6. mbc84 desimber 11, 23:11

    @Pieter: 100% mei jo iens!

  7. Cor Jousma foar de Topografyske Wurkgroep Fryslân desimber 12, 13:32

    Bêste Pieter,

    Ik begryp jo binne sa frustrearre rekke dat jo ôfheakke hawwe. Spitich, mar it is net oars.

    [[gewoane Friezen (foarút fan it folk)]] dogge my tefolle oan Wilders en Baudet tinken en dêr heakje ik ôf!

    It ‘Europeesk Hânfêst foar regionale talen of talen fan minderheden’ is net makke foar mearderheden fan hokker gearstalling dan ek. Dêryn steane de rjochten dy’t mearderheden – lês demokratyske oerheden – oan harren minderheden jaan kinne.

    De wurkgroep wie tige te sprekken oer it ûndertekenjen troch It Nederlânske Regear fan dat Hânfêst yn 1996. Dêrtroch kaam der dúdlikheid oer de wei dy’t de ‘Friezen’ lâns moasten by it offisjeel brûken fan harren Frysktalige plaknammen binnen de Nederlânsktalige kontekst – lês by in notaris, de belestingtsjinst en tal fan oaren.

    1. De tradisjonele [Frysktalige] foarm. Dus gjin foarm fan in gemeenteried, in FNP, Cor of Pieter.

    2. De krekte [staverings] foarm. Neffens de stavering(en) dy’t de Provinsjale Steaten (demokratyske fertsjintwurdiging fan ‘e Friezen) troch de jierren hinne foar ús fêstlein hawwe.

    Dêrmei kinne ferstannige minsken sûnder rjochter ta in útdroegen saak komme!

  8. Klaas Aaldert van der Veen desimber 12, 17:37

    At Ternaard de tradisjonele namme krijt, is dat in namme mei in heeg Wilders en Baudet gehalte!

  9. Klaas Aaldert van der Veen desimber 13, 18:54

    D’r is hoop, want it Fryslan Funs hat in jildynsammelingsaksje under de namme ‘oare tiden, nije kneppels’ underbrocht by de ynsammelingswebside http://www.geef.nl. It is in jildynsammelingsaksje foar in juridysk trajekt om it ryk te dwingen it Frysk in lykweardig plak te jaan yn it underwiis. En foar Fryske plaknammen. D’r is noch €23.000 nedich.

  10. Redaksje desimber 13, 19:25

    Dit is in streekrjochte link nei de neamde aksje: https://www.geef.nl/nl/actie/nije-tiden-oare-kneppels/donateurs?status=paid

  11. Hein Wijma desimber 15, 23:15

    De brosjuere is in nijsgjirrich en moai oersichtlik stik. Wat liket te ûntbrekken is in skôging oer de rol fan it jild yn dit gehiel. Soe de woartel fan it tsjinakseljen fan de skoallen, dat se gjin Frysk ûnderwiis jaan wolle, net wêze kinne dat dy skoallen gewoanwei de finansjele middels net hawwe om dat Fryske ûnderwiis te jaan? Der moat op it lêst tiid foar brûkt wurde en dat kostet jild.

    Skoallen krije gjin ekstra jild foar de echte grutte kosten fan Fryske les: it salaris fan de ûnderwizers. Der is wol subsydzje foar Fryske les, mar dat is foar boekjes en kursussen foar it personiel en sa. De twa oerkes Frysk yn ‘e wike kostje in basisskoalle al rûchwei 5000 euro per jier per ûnderwizer (boarne: Fries in het onderwijs: meer ruimte, regie en rekenschap voor de provincie Fryslân). De ûnderwizers fertsjinje fansels net mear jild, mar har tiid en enerzjy wurdt dan net brûkt foar rekkenjen en oare saken dy’t de skoalle de learlingen bybringe moat. In skoalle sil dy tiid dêrom beheine moatte om wol har oare taken útfiere te kinnen.

    Foar in skoalle foar foarset ûnderwiis soe likefolle les yn it Frysk as yn it Nederlânsk oerienkomme mei ûngefear 10% ekstra salaris kosten. Dat giet út fan it tal lesoeren dy’t typysk ynset wurde foar Nederlânsk. As skoallen yn Fryslân dat betelje kinne, soene in soad skoallen op oare plakken yn Nederlân feitliks 10% mear jild krije dan se echt nedich hawwe, want dy krije likefolle as Fryske skoallen (per learling, per gebou).

    Je soene konkludeare kinne dat skoallen der finansjeel ta twongen wurde om op syn meast in bytsje Fryske les te jaan. As dat korrekt is, dan wurdt it warskynlik neat mei it ûnderwiis yn it Frysk salang’t de skoallen gjin ekstra jild krije. Dat jild moat dan genôch wêze om de oeren Fryske les mei te beteljen.

  12. Cor Jousma desimber 17, 12:59

    Bêste Wijma,

    Jo hawwe de saken kreas ûnderboud. En dochs kloppet it net. Skoallen fergrieme alle wiken tiid oan saken dy’t foar de bern o sa aardich binne. Se stelle harren prioriteiten net goed. It Frysk is sûnt 1980 in wetlike ferplichting, krekt as rekkenjen en taal. Foar taal kinne jo yn Fryslân lêze Nederlânsk en op syn minst ien lêsoere Frysk de wike.

    Al dy oare aardichheden steane net foar mar efter it Frysk yn ‘e rige! Foar dy aardichheden krije de skoallen ek gjin budzjet.

    As wy bygelyks nei twa skoallen yn ‘Zuiderburen’ yn Ljouwert sjogge, dan docht de iene skoalle NEAT oan it Frysk en de oare soarget dat de bern it Frysk lêze kinne.
    It omfjild foar beide skoallen is gelyk. Statushâlders út hokker lân dan ek kinne èn de keaphuzen èn de hierhuzen net betelje. De bern komme dus út Nederlânske of Fryske húsgesinnen. Bliuwt oer, dat dy iene skoalle wòl foar de bokaal fan it dûnsjen by dânsskoalle Saco Velt en nèt foar it Frysk giet….

    Underwizers sizze dat de measte bern mei alle wiken ien lesoere Frysk, it Frysk oan ‘e ein fan de basisskoalle ridlik benei komme kinne.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.