Sybren Singelsma: Migraasje twingt de EU ta in geopolitike hâlding

desimber 1, 2021 15:17

Skôging

Migraasjebelied yn Europa is basearre op de Dublinakkoarten, sletten tusken de lidsteaten fan de EU, omset yn in EU-feroardering yn 2003. Dy feroardering regelet hokker lidsteat ferantwurdlik is foar it behanneljen fan in asylfersyk, dat yn ien fan de lidsteaten yntsjinne wurdt. Utgongspunt fan de feroardering is dat in asylsiker syn asyloanfraach yn ien EU-lân behannele kriget. Opienfolgjende oanfragen binnen de Dublinlannen wurde sa tefoaren kommen. As op grûn fan de regels in oar lân ferantwurdlik wêze soe foar in asylfersyk as bygelyks Nederlân, dan kin Nederlân in fersyk yntsjinje by dat oare lân om oerdracht, sûnder dat Nederlân it oanbelangjende asylfersyk yn behanneling hoecht te nimmen.

De Dublinferoardering is dus fan tapassing op de lidsteaten fan de EU. It is wol EU-rjocht, mar dêrmei noch gjin echt mienskiplik belied fan de EU. It is it âlde Dublinferdrach tusken lannen, omset yn EU-rjocht. As men in momint nei de kaart fan Europa sjocht, dan wurde de problemen daliks dúdlik. De asylsikers komme oan lân yn de lannen oan de Middellanske See. Hoe fierder de lannen dêrfan ôflizze, hoe mear dy fine dat dy Middellânske Seelannen dat sels op grûn fan de Dublinferoardering oplosse moatte. Poalen en Hongarije, asylsikers moatte se net en op grûn fan de Dublinferoardering kinne se nei de lannen fan oankomst weromstjoerd wurde. Plannen foar in echt EU-belied, mei in werferdieling fan flechtlingen oer alle lidsteaten hawwe dêrtroch nea suksesfol west.

De aksjes fan de presidint fan Wyt-Ruslân, Loekasjenko, soene der wolris feroaring yn bringe kinne. Hy liet asylsikers út de bekende krisisgebieten nei de grins mei Poalen oerfleane om se oer de grins te jeien. De reaksje fan Poalen wie hurd, wetterkanonnen, in grutte plysjemacht en in stek. It wie wachtsjen wa’t it earst ynbine soe, mei it tanimmen fan it leed.
Dat waard Loekasjenko, stipe troch EU-sanksjes tsjin elkenien dy’t meiwurke, fleanmaatskippijen ensafuorthinne. Ik tink dat de EU-ek jild jûn hat om minsken te repatriearjen, mar wis bin ik der net fan.

It tragyske ûngelok mei 27 ferdronken asylsikers op it Ingelske Kanaal brocht noch mar ris oant it ljocht dat de Brexit ek konsekwinsjes hat foar it asylbelied fan it Feriene Keninkryk. Ommers, de Dublinferoardering jildt net mear foar dat lân. En dêrmei kin dat lân de flechtlingen net mear weromstjoere, mar is it it eigen probleem.
It is fansels skandalich dat noch de Ingelske, noch de Frânske helptsjinsten holpen hawwe, wylst de minsken allebeide belle hawwe. In juridysk-polityk geharrewar hat 27 minsken it libben koste.

Dat nimt net wei dat beide foarfallen gefolgen hawwe. Ik neam de folgjende feiten, sûnder waarde-oardiel:

a. ‘Pushbacks’, it fysyk weromstjoeren fan minsken, wurket. Dat is in sinjaal nei minsken ta dy’t flechtsje wolle, mar ek foar de lannen dy it dwaan wolle.
b. Alle lannen kinne te meitsjen krije mei flechtlingen, net allinnich dy oan de Middellanske See.
c. De Britten hawwe mei de Brexit it flechtlingeprobleem net ûnder kontrôle krige, mar grutter makke mei’t de Dublinferoardering mei Brexit net mear fan krêft is.
d. Asylsikers binne ynset as wapen yn in konflikt mei in oare steat as ûnderdiel fan in bûtenlânsk konflikt.

It liket dat dit dizze feiten it ûntwikkeljen fan in Europeesk migraasjebelied in triuwke jaan kinne as ûnderdiel fan in bûtenlânsk en feilichheidsbelied. En it liket derop dat it ‘Fort Europa’ deroan komt. De rol fan Frontex, de Europeeske grinswacht, wurdt útwreide, benamen yn it Ingelske Kanaal. It is te ferwachtsjen dat mei it bouwen fan stekken, de gruttere rol fan Frontex en de bylden dy’t de wrâld oer geane, soks realiteit wurdt.

Migranteynset as wapen yn in saneamde asymmetryske oarloch. De adekwate reaksje fan de Europeeske Kommisje sil meitsje dat der politike stipe komt foar it ûntwikkeljen fan in migraasjepolityk yn it ramt fan in fersterke bûtenlânsk en feilichheidsbelied.

Drs. Sybren Singelsma is histoarikus. Hy hat wurke by it Komitee fan de Regio’s fan de Europeeske Uny.
desimber 1, 2021 15:17
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.