Súdwest-Fryslân folop yn beweging tanksij Sportakkoart
Resint ferskynd
Yn ’e mande mei ferieningen, sportoanbieders, ûnderwiis en soarch is yn 2021 hurd wurke om de sport- en beweechambysjes út it Sportakkoart fan Súdwest-Fryslân wier te meitsjen. Dat barde mei nije leechdrompelige projekten foar jong en âld. Der wie ek omtinken foar in positive sportkultuer en sportoanbieders waarden holpen om har ree te meitsjen foar de takomst.

Boarne: Súdwest-Fryslân
It projekt ‘Respons’ is ien fan dy leechdrompelige projekten. Dy opfiedkundige bewegingsmetoade helpt by it oanpakken fan maatskiplike problemen en de gefolgen dêrfan. Respons rjochtet him op de sosjaal-emosjonele ûntwikkeling en it stimulearjen fan positive groepsfoarming. De kennis en feardichheden dy’t de learlingen mei dy metoade opdogge leverje in bydrage oan opfieding en foarming.
Mei in tematyske lesoanpak, omtinken foar wille en it bouwen op positive ûnderfiningen docht Respons in sterk berop op de eigen ferantwurdlikheid fan de learlingen. Net de situaasje, mar de wize dêr’t se dermei omgeane stiet sintraal. Sûnt de start yn septimber 2021 diene der al tsien klassen út it basisûnderwiis oan mei. Alle klassen fan de goed fyftich basisskoallen yn de gemeente Súdwest-Fryslân komme foar it projekt yn ’e beneaming.
Yn 2021 waard neist Respons ek wurke oan de mear as tsien oare sport- en beweechambysjes. Fan webinars oer sûne sportomjouwingen oant it wer op wei helpen fan âlderen om, nei in perioade fan fysioterapy, wer mei sporten útein te setten. De projekten fan it Sportakkoart krije yn 2022 in ferfolch. It goede foarnimmen is: hiel Súdwest-Fryslân yn beweging.
Ekstra ympuls oan lokale sport
Sporte en bewege is belangryk foar elkenien, mar net foar elkenien in gewoante. It is net allinnich goed foar de sûnens, mar foar in protte minsken ek wichtich fanwege de sosjale kontakten. Goed de helte fan alle Nederlanners beweecht foldwaande en sport alle wiken. Súdwest-Fryslân sleat him mei in lokaal Sportakkoart oan by de ambysjes dy’t yn it lanlik Sportakkoart ferwurde binne.
Yn gearwurking mei sportpartijen, gemeenten en maatskiplike partners wurdt in ekstra ympuls oan lokale sport jûn. Dêrneist wurdt de krêft fan sport better benut foar in fitale en sosjale mienskip, sadat elkenien mei wille sporte en bewege kin. De ynset fan bygelyks de buertsportcoaches is dêr in oar foarbyld fan.
Ynwenners fan Súdwest-Fryslân mei in sportyf idee kinne dy yntsjinje fia de webside www.sportakkoordsudwest-fryslan.nl.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje