Súd-Korea sil posityf teste minsken mei kamera’s folgje

desimber 14, 2021 08:41

De autoriteiten yn de Súd-Koreaanske stêd Bucheon sille posityf teste minsken fan jannewaris ôf folgje mei help fan 11.000 befeiligingskamera’s, antlitwerkenning en keunstmjittige yntelliginsje. It systeem besjocht de bewegingen fan posityf teste minsken, hâldt yn ’e gaten oft se kontakt mei oaren hawwe en oft se wol in mûlekapke drage, berjochtet parseburo Reuters.

Foto: Unsplash/Scott Webb

Neffens de autoriteiten yn Bucheon, yn ’e buert fan Seoul, moat it systeem it boarne- en kontaktûndersyk yn de stêd ûntlêste. Dêr wurdt faak 24 oeren deis oan wurke. “It duorret soms oeren om kamerabylden te analysearjen”, seit de boargemaster fan de stêd. “Antlitwerkenning leveret fuortdaliks in analyze.” Foar it systeem wurde kamera’s brûkt dy’t yn de hiele stêd hingje of noch komme te hingjen.

Op it projekt komt krityk fan minskerjochte-advokaten en ferskate parlemintariërs. Hja binne bang dat de gegevens ek foar oare saken brûkt wurde sille. Neffens de autoriteiten fan Bucheon binne de soargen net terjochte, mei’t minsken dy’t net posityf op koroana test binne, ûnwerkenber makke wurde. It Súd-Koreaanske ministearje fan Wittenskip en ICT seit dat der no gjin plannen binne om it systeem ek op oare plakken yn Súd-Korea te brûken. It lân folget minsken dy’t posityf test binne no ek al, ûnder mear troch bankgegevens en de lokaasje fan mobile telefoans yn ’e gaten te hâlden.

desimber 14, 2021 08:41
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.