Subsydzje foar aktiviteiten dy’t de sosjale basis fersterkje
Resint ferskynd
De gemeenten Achtkarspelen en Tytsjerksteradiel stelle subsydzje beskikber foar it útfieren fan aktiviteiten dy’t de sosjale basis ferstjerkje. It giet om aktiviteiten dy’t troch frijwilligers en profesjonals yn de doarpen ûndernommen wurde om inoar te helpen en te stypjen.

Foto: Gemeente Achtkarspelen
Aktiviteiten om inoar te helpen en te stypjen
Organisaasjes mei sawol meiwurkers yn tsjinstferbân as frijwilligers kinne subsydzje oanfreegje. De aktiviteiten moatte bydrage oan it realisearjen fan de trije boustiennen út de fyzje ‘Fersterkjen sosjale basis’: Moetsje en belutsenheid, mei-inoar rêdsumheid en selsrêdsumheid & ûntjouwing. Bygelyks it organisearjen fan leechdrompelige moeting en talintûntwikkeling troch en foar ynwenners. Of praktyske stipe dy’t ynwenners helpt om sa selsstannich mooglik te libjen.
Subsydzje oanfreegje
Fan 1 jannewaris oant 1 maart 2022 kinne organisaasjes in oanfraach yntsjinje. Dat kin fia de websiden fan de gemeenten: www.achtkarspelen.nl/socialebasis en www.t-diel.nl/socialebasis. Dêr is de subsydzjeregeling te finen en mear ynformaasje oer it subsydzjeplafond en it útfieringsplan ‘Fersterkjen sosjale basis’.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje