Start bou gemaal by de Rie

desimber 24, 2021 08:43 Fernijd

In nij gemaal sil fan takom jier ôf it hjoeddeistige gemaal De Mieden by Rie ferfange. It nije gemaal is nedich om ek yn de takomst genôch wetter út it gebiet ôffiere te kinnen om wetteroerlêst te beheinen. De bou is úteinset en is nei ferwachting tsjin de simmer yn 2022 klear.

Foto: Provinsje Fryslân

It hjoeddeistige gemaal hat net foldwaande kapasiteit om it wetter ek yn de takomst goed ôffiere te kinnen. Dat komt troch de boaiemdelgong yn it gebiet, dy ‘t ûntstiet troch sâltwinning. Dêrom wurdt der in nij, takomstbestindich gemaal boud. “Troch klimaatferoaring sille we faker te krijen hawwe mei flinke reinbuien. It gemaal kriget in gruttere ôffierkapasiteit, sadat it de effekten fan de boaiemdelgong en klimaatferoaring goed opfange kin. Sa binne wy ree foar de takomst”, seit Jan van Weperen, lid deistich bestjoer Wetterskip Fryslân en bestjoerskommisje Frjentsjerteradiel-Harns. It âlde gemaal bliuwt yn gebrûk oant it nije gemaal klear is en fiert it wetter oant dy tiid ôf. Nei ferwachting wurdt it nije gemaal yn july 2022 yn wurking set en kin it âlde gemaal dêrnei ûntmantele wurde.

Oanpassingen
Om it nije gemaal optimaal wurkje te litten, is de oanfiersleat (tochtsleat) nei it gemaal earder al oanpast. Dêrneist wurdt der in ekstra oansluting tusken de tochtsleat en it gemaal makke en de boezemkade by de Rie lâns ferlein. Tagelyk dêrmei wurdt ek in natuerfreonlike wâlskant oanlein. Dat is in wynfrije, ûndjippe igge dêr’t it sinneljocht de boaiem better berikt. Dêrtroch ûntstiet der in geskikter leefgebiet foar wetterplanten en -bisten. Boppedat waakst wetterreid better yn ‘e weake iggen. Dat suveret it wetter. Mei de oanlis fan dizze wâlskanten ferbetteret de ekologyske wetterkwaliteit.

Gebietsûntwikkeling
De bou fan it nije gemaal fan Wetterskip Fryslân is ûnderdiel fan gebietsûntwikkeling Frjentsjerteradiel-Harns. It is de lêste, grutte maatregel fan dat projekt. Troch gas- en sâltwinning yn Noardwest-Fryslân sakket de boaiem. Yn kombinaasje mei klimaatferoaring soarget dat foar ferskate problemen. Bygelyks wetteroerlêst by fûle rein en sâlt yn lânbouperselen. Yn it projekt wurket de bestjoerskommisje oan maatregels om dy problemen op te lossen. In stikmannich doarpskearnen yn it gebiet binne ek opknapt.

desimber 24, 2021 08:43 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.