SSSwartepyt foar RRReis

desimber 4, 2021 22:47

It is mei de kommunikaasjeôfdieling fan RRReis, wat kin ik foar jo dwaan?

Jo ppp… eh…telefonearje mmmei KKKlaas

Wat kin ik foar jo dwaan, Klaas?

IIIk wol my bbbekleie…

Wat is der te rêden, Klaas?

…oeoeoer jjjimme nnnamme.

Wat is dêrmei, Klaas?

DDDy is in mmmislediging foar stststammerders.

Hoe dat sa, Klaas?

SSSnappe jo dat net?

Nee.

No, wwwêrom hjitte jjjimme nnnet gewoan fan RRReis?

Mar sa hjitte we ommers ek?

No mmmisledigje jo my al wwwer. Ik bedoel fffansels fffan … eh …. hhh-Reis.

Oh, bedoele jo datte. No, dat sil ik jo útlizze. RRReis is it oerkoepeljende merk foar it regionale ferfier yn de provinsjes Flevolân, Gelderlân en Oerisel. De skriuwwize mei trije kear de letter R stiet symboal foar de gearwurking fan de trije provinsjes. De roljende R makket it merk dynamysk en aktyf. Dy stiet foar faasje.

FFFaasje? Foar mmmy ssstiet er just foar fffertragings…

No, mei de fertragings falt it oars o sa ta, de lêste tiid, hear.

… yyyn it praten. En mmminsken dy’t jjjin aaalgeduerigen yn it wwwurd falle.

Nim my net kwea-ôf. Mar jo snappe dochs wol dat dy namme neat mei stammerjen te krijen hat?

DDDêr hat it ooo…

It OV wol wier gjin minsken misledigje.

Nnnet OV. Hear no sels hoe’t jim ús bbbehannelje, mei it ynfoljen fan wwwat wy sizze wolle. Om’t jim ivich aaavesearje moatte en gjin geduld hawwe om ús út te harkjen. Ik woe sssizze, it hat der ooommers alles mei ttte kkk…eh…meitsjen. JJJimme lizze in hhhiele bbbefolkingsgroep leech.

Mar dat is ús bedoeling fansels hielendal net!

Dêr gggiet it net om. It gggiet derom hoe’t it op ús oeoeoerkomt.

Ik bin efkes perpleks. Jo kinne dochs net samar in aparte draai oan ús merknamme jaan en jo dêr dan jo beklach oer dwaan?

Foto: Nanne Hoekstra

Wwwy sssjogge dat hhhiel oars. Us wwwurdt alweroan as wy bûtendoar komme troch jim bbbussen yn it sin brocht dat wy ôôôfwike fan de nnnoarm fan de ffflotte pppraters. JJJimme dogge sa mei oan it systemysk ssstigmatisearjen en yyynstitúsjoneel dddiskriminearjen fan in hhhiele befolkingsgroep.

Watte?

JJJo binne as flotte ppprater net yn de ppposysje om mmmy dat te ûûûntstriden.

Mar it raast dochs oan ’e protters dat wy dêr no krekt de swartepyt foar krije!

Aaaaaardich dat jo dat sssa ffformulearje. Jimme mmmoatte gewoan likegoed rrrrekken hhhâlde mei ús fffielings. Wwwy hhhawwe ooommers in yyynklusive mmmaatskippij?

Hm, no ja, as jo it sa stelle. Dan moatte we it der mar ris oer hawwe yn it bestjoer. En eh, stel no dat we as kompromis op twa R-en útkomme soene?

Ggjin ssprake fan. Ddat is nno wwer sa’n rroetfeechpytoplossing. Aalle wwerhelle lletters mmoatte út it sstrjitbyld fferdwine!

Ja mar wachtsje no ris efkes. Sitte josels net oantangele mei jo ôfwiking fan wat standert is? En projektearje jo soks net te folle op oaren, wylst dyen dêr hielendal net iens by stilstean? Ynklusive maatskippij sizze jo. Jawis, mar dêr wiene we dochs al in ein mei op streek? It wurdt der krekt net better fan as we de maatskippij opspjalte yn skiften dy’t inoar algeduerigen ferwiten meitsje en beare dat oare lju harren op it sear komme. Dy oaren dogge ornaris wier ek harren bêst. As wy it hâlden en dragen fan oare maatskiplike skiften algeduerigen útlizze as stigmatisearjen en diskriminaasje, komt der fan ynklusivens krekt neat op ’e hispel… Eh, nim my net kwea-ôf dat ik as flotte prater efkes trochdraafde en jo der net mear tusken liet.

Eh, KKlaas?

Tuet, tuet, tuet.

DDit wie in sabeare pppetear. Ik koe myn alter ego der gelokkich nnoch fan ôfhâlde. En llit ús hoopje dat soks net nnnormaal wurdt.

Nnnanne K. Hoekstra

desimber 4, 2021 22:47
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.