Spesjale rûnlieding foar besikers mei fisuele beheining yn it Frysk Museum
Resint ferskynd
Spesjaal foar besikers mei in fisuele beheining organisearret it Frysk Museum rûnliedingen dy’t in nij perspektyf biede op de útstallingen Icons en Ferhaal fan Fryslân. Troch middel fan ûnder oare fielkaarten, histoaryske foarwerpen út de portretten, pruken en farvemeunsters wurde de portretten ta libben roppen. De besikers wurde yn in lytse gearstalling troch twa museumdosinten begelaat.

Foto: Ruben van Vliet
De rûnlieding is op sneon 18 desimber en sneon 8 jannewaris fan 10.00 oant 11.30 oere en kostet € 15 de persoan, museumyntree, kofje, tee en wat lekkers ynbegrepen. Oanmelde kin fia friesmuseum.nl/visuelebeperking.
Icons
Mei Icons: topstikken út de National Portret Gallery is de poerbêste kolleksje (sels)portretten út it Britsk museum foar ien kear yn Nederlân te sjen. Icons toant skilderijen, foto’s, bylden, printen en tekeningen fan bûtengewoane ynternasjonale keunstners, fan Peter Paul Rubens en Anthony van Dyck oant Andy Warhol en Marlene Dumas. Under de goed hûndert wurken binne wrâldferneamde ikoanen lykas Keninginne Elizabeth I, William Shakespeare, Audrey Hepburn, David Beckham en Malala Yousafzai.
Ferhaal fan Fryslân
Mei Ferhaal fan Fryslân komt men yn ’e kunde mei Fryslân en de Friezen. Hoe is Fryslân ûntstien, wat is typysk Frysk en hoe seagen keunstners troch de jierren hinne nei de provinsje en syn ynwenners?
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje