Sophie Scholl fan ‘Die weisse Rose’

desimber 12, 2021 07:00 Fernijd

Oertinking

Sophie Scholl waard yn 1943, doe’t se 22 jier jong wie, om it libben brocht troch de falbile, omdat se tsjin Hitler wie en meidie oan it studinteferset ‘Die weisse Rose’. Har suster Inge beskreau har libben en dat ferset yn it boek Die weisse Rose. Oangripend is Sophie har dream yn de nacht foar har terjochtstelling:

“Ik rûn by in steile berch op. Op ’e earm droech ik in berntsje yn in wite doopjurk. Boppe oan de berch wie in tsjerke. Ynienen stie ik foar in ravyn. It slagge my noch krekt om de poppe oan ’e kant te lizzen. Sels stoarte ik de djipte yn.”

De oare moarns fertelt se de dream en jout as útlis dat se sels it libben ferlieze sil, mar dat har ideaal fan in frij en demokratysk Dútslân (it bern yn ’e doopjurk) it rêde sil.

De profeet Micha libbe yn in drege tiid. Yn it eigen folk wie in twadieling: de riken hellen de earmen it fel oer de earen. Boppedat wie der in grutte driging fan in fijannige ynfal. En lykas Sophie dreamde de profeet Micha syn fisjoen:

“Jeruzalem sil belegere en de kening fernedere wurde. Mar, út it lytse Betlehem sil in nije kening komme dy’t regearje sil as in goede hoeder!”

Salang’t dy nije kening der net is, liket it as wurde de minsken oan harren lot oerlitten. Mar de rêder kaam doe en hy komt hieltyd wer. Soms út lytse stedsjes dêr’t men it net fan ferwachtet.
Mattéus moat, by it beskriuwen fan de berte fan Jezus tinke oan wat Micha sei oer dat lytse Betlehem (Mattéus 2:6).

Sophie Scholl wie mar in behindich famke. Wat soe sa’nien tsjin Hitler begjinne? Nei de oarloch waard se it grutte foarbyld foar jonge Dútsers! Omdat se har yn libben en stjerren burgen wist by Kristus, hie se dy grutte moed.
Dy moed meie wy yn dizze tredde advintswike by Kristus Jezus fine.

Lêze: Micha 4:14 en 5:1-3

ds. Doede Wiersma

Mei tastimming oernommen út Wekker bliuwe, dat by de KFFB te bestellen is foar de ledepriis fan
€ 19,50. (
boekeklub@kffb.nl, 06-5168 1577)
desimber 12, 2021 07:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.