‘Sony Music betellet heal miljard dollar foar muzyk Bruce Springsteen’

desimber 17, 2021 08:46

Bruce Springsteen ferkeapet de rjochten en opnamen fan syn muzyk oan Sony Music. De platemaatskippij hat dêr in heal miljard dollar (443 miljoen euro) foar oer, sizze boarnen fan it Amerikaanske muzykwykblêd Billboard. Neffens it wykblêd wurdt Sony Music eigner fan alle muzyk fan Springsteen.

Foto: pixabay.com

De Amerikaan brocht yn in rite fan hast fyftich jier tsientallen albums en hits út. Syn earste album, Greetings from Asbury Park, N.J., datearret út 1973. Syn lêste studioalbum, Letter to you, ferskynde ferline jier en syn lêste live-lp dizze moanne.

In protte ynternasjonaal ferneamde muzykartysten kieze derfoar om harren muzikale erfenis te ferkeapjen. Under oare Paul Simon, Neil Young en Bob Dylan giene Springsteen foar. Dylan ferkocht de rjochten op 600 fan syn ferskes ferline jier oan Universal Music Group, dy’t der neffens mediaberjochten hast 340 miljoen euro foar betelle hawwe soe. Dat wie doe neffens sizzen de heechste priis dy’t ea foar de oankeap fan muzykrjochten betelle wie. Springsteen soe dêr no dus fier oerhinne gean.

Sony Music en Springsteen hawwe noch net op fragen fan it muzyktydskrift reagearre.

Beharkje en besjoch Bruce Springsteen mei ‘The river’ op YouTube.

desimber 17, 2021 08:46
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.