Sinjearsesjes John van de Rijdt yn Museum Belvédère
Resint ferskynd
Alle freeds yn desimber fan 13.00 oere ôf

Boek fan John van de Rijdt (boarne: Museum Belvédère)
De kommende wiken kinne besikers de keunstner John van de Rijdt yn Museum Belvédère tsjinkomme. Fan 13.00 oere ôf sinjearret er syn nije boek In Quarantaine.
In seleksje mei deselde namme út de searje skilderijen is no yn ien fan de kabinetten te finen. De útjefte hat in bysûndere Japanske tear- en bynwize en leit dêrmei de filosofyske eftergrûn fan it wurk bleat. In Quarantaine beslacht tachtich siden en is foarmjûn troch Claudia Gravestijn. De priis is € 30. It boek is yn de museumwinkel fan Belvédère te keap.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje