Simone Djurrema: Keppelingen mei Nederlân

desimber 4, 2021 09:04

Kollum

Bytiden komme je fan dy nijsgjirrige dinkjes tsjin. Dingen dêr’t je net fan wisten oft se út Sweden of just út Nederlân komme. Ik hie bygelyks ea heard dat de skilderjen fan Delfts Blau troch Nederlânske matroazen leard wie dy’t yn Sweden oerwinteren. Ik koe der neat oer fine. Wie it soms Hylper ierdewurk? Ek neat oer fûn. Mar wat dan wol?

Cornelis Vreeswijk! Berne yn 1937 yn IJmuiden. Yn 1950, doe’t er 13 wie, emigrearre de húshâlding nei Sweden. Doe’t it spul in pear jier letter nei Nederlân werom ferhuze, bleau Knilles yn Sweden om dêr karriêre te meitsjen. Dat slagge him tige. Wylst der yn Nederlân nei syn dea mear oer him te dwaan wie as by syn libben, as ik Wikipedy leauwe mei, wie er yn Sweden enoarm. Hy hat nochal wat produsearre yn syn koarte libben. It is tekenjend dat de Wikipedyside yn it Sweedsk folle langer is en folle mear yn detail giet. Klik foar de aardichheid mar ris op ‘Svenska’ https://nl.wikipedia.org/wiki/Cornelis_Vreeswijk

Ik hie wolris heard fan ‘De nozem en de non’, mar fierder wist ik eins neat fan Knilles. Dêr is no feroaring yn kommen. Ik ken in tal trûbadoers hjir yn ‘e omkriten en de measten spylje wol ferskes fan Vreeswijk. Dan fertel ik fansels altyd efkes hoe’t je de namme yn it Nederlânsk útsprekke, want de Sweden sizze “Cornealis Wreaswiek”. Dat fine se wol moai. Knilles syn ferskes libje hjir noch folop!

Sûnt in pear wike ferkeapje freonen fan ús sjerpwafels op merken. Yn pakjes en ek farske dy’t se dêr bakke. Ik bin net iens sa hiele gek op dy dingen, mar in farske, waarme sjerpwafel is hearlik!!! Myn bline freondinne fûn it luchtsje ek wol by de kryst passen, dat ik hoopje dat se no bekendheid krije mei de krystmerken. Dan komt der miskien in nije tradysje út Nederlân yn Sweden.

Foto SD

Fierder binne de dingen dy’t wy diele eins it neamen net wurdich. De “Goeda” en “Edaamer” tsiis wurde meastal yn Dútslân makke en priuwe nearne nei. Mar no tsjin de kryst komme de echte Edammers mei it reade plestik en de reade waaks wer yn ‘e winkels te lizzen. It is hjir blykber in krysttsiis. Dan binne we derby, want Hindrik fynt it hearlik. Ik haw der nea sa wyld fan west; jou my mar in pittich tsyske.

En dan wie der noch in kear in man dy’t tsjin my sei: “Komsto út Nederlân? Witsto wol dat jimme in wurd fan ús hawwe?” Nee, dat wist ik net. Wy hawwe in protte Ingelske wurden, Frânske en Dútske ek wol, mar Sweedske, nee, dêr haw ik noch nea fan heard. It die bliken dat it wurd ‘ombudsman’ Sweedsk is. Hjir sprekke we it út as “ombuudsman”. Yn it Nederlânsk is de omskriuwing sa: een ombudsman, en diens afsplitsingen ombudsvrouw[1], ombudspersoon[2], ombudsdienst[3], of ombudsfunctie[4] is een onpartijdige klachtbehandelaar(ster) die gevraagd en ongevraagd onderzoek verricht naar de rechtmatigheid van gedragingen van overheden of van particuliere instellingen en bedrijven. Dat giet dus allinnich om oerheden, partikuliere ynstellingen en bedriuwen. Der sit dus net safolle ferskil yn. Hjir wurd ik ek “ombud” neamd as ik in pakje foar Hindrik of de bern ophelje. Ombudsman yn de polityk betsjut yn Sweden oer it algemien in steatsamtner dy’t as opjefte hat om de boargers foar yllegale aksjes, foaral misbrûk fan gesachsdragers te behoezdjen.

En dêr kinne we, sa foar de kryst, noch efkes oer neitinke. Oft de prip no goed is of net, wy binne sa stadichoan allegearre traumatisearre. Is it net sa dat hieltyd wer wat beloofd wurdt en dat de grins alle kearen wer opskood wurdt? Hoe lang noch? Wat betinkt it kabinet noch mear? De plannen dy’t no neamd wurde, ferplichte prippe, geane tsjin de grûnwet en tsjin de minskerjochten yn. Moatte wy dat ús politisy wol dwaan litte? Is dat dan echt it lêste? Is it wol echt tydlik? Want it jout it regear safolle macht dat we it net samar tebekskroeve litte kinne. Moatte der, no’t 85% fan de Nederlanners pript is en sa’n10% nei alle gedachten in natuerlike ymmuniteit hat, fanwegen de oerbleaune 5% no wér strangere maatregels komme? Kin 5% fan de befolking dan alles ferbruie?

De measte minsken wolle allinnich mar dat dit ophâldt. Se wolle alles dwaan dat it wer wurdt lykas foarhinne. As we no allinnich noch… Mar is it dan ek echt klear? Foar elkenien, dyjingen dy’t de prip nommen hawwe en dy pear dy’t dat net dien hawwe? Wie der mar in ombudsman dy’t troch elkenien fertroud waard en dy’t net ien kant fan it ferhaal, mar alles op in rychje sette koe. Foardat it te let is.

Wa’t mear oer de boarnen fan dy sykte witte wol kin dizze twa keppelingen folgje nei de officiele Nederlânske websiden:

Sjoch sels hoe deadlik it foar minsken ûnder de 65 en sûnder oare sykten is.

Simone Djurrema-van der Wal út Garyp wennet sûnt 2015 mei har man en bern yn Mellerud yn Sweden.

 

 

desimber 4, 2021 09:04
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.