Rjochter Feriene Steaten heft blokkade faksinaasjeplicht wurknimmers op

desimber 19, 2021 08:43

In federale rjochtbank yn de Amerikaanske steat Ohio hat de blokkade fan de faksinaasjeplicht fan koartlyn weromdraaid. Presidint Biden woe dy foar grutte bedriuwen ynfiere.

Foto: pixabay.com

Personiel fan bedriuwen mei mear as hûndert wurknimmers moat him dêrtroch dochs noch foar 4 jannewaris faksinearje litten ha. Wa’t dat net docht, soe him alle wiken teste litte moatte en op it wurk in mûlekapke drage moatte. De regel sil foar goed tachtich miljoen Amerikanen jilde. De rjochters besleaten de blokkade op te heffen, dy’t in federale rjochter yn Georgia earder dizze moanne bekrêftige. Neffens de rjochtbank yn Ohio is de faksinaasjeplicht lykwols needsaaklik om wurknimmers tsjin de koroanagoarre te beskermjen, no’t de besmettingsoantallen tanimme.

Guon Republikeinske steaten, bedriuwen en aksjegroepen dy’t earder beswier makken tsjin de regel, hawwe no oankundige by it Amerikaanske Heechgerjochtshof yn berop te gean.

desimber 19, 2021 08:43
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.