Resept foar spekpankoeken

desimber 30, 2021 14:00

In ‘spekdik’, ‘spekkendik’ of ‘Speckendick’ is in soarte fan lytse pankoek, dy’t as lokale spesjaliteit ûnder mear yn Grinslân, Drinte en East-Fryslân mei Nijjier iten wurdt. De spekkoeken wurde wenstich thús bakt, mar ek wol yn ferieningsferbân. Yn ’e rin fan de jierren is dat lêste minder wurden. Yn ’e regio Westerwolde binne ferieningen op jiermerken aktyf mei it bakken fan spekkoeken. Njonken dy ferieningen binne der in stikmannich ûndernimmers dy’t it lekkers ferkeapje.

Foto: Wikipedia/Ilonamay – CC BY-SA 3.0

Yngrediïnten (foar likernôch 20 pankoeken):
– 500 gr. roggeblom
– 250 gr. sjerp
– 2 aaien
– 250 gr. fet lichtsâltich spek
– 1 drûge woarst
– wetter foar it beslach

De blom yn in kûm dwaan, de aaien deryn brekke en sjerp tafoegje. De massa trochinoar riere mei safolle wetter derby dat in tsjok pankoekbeslach ûntstiet. It spek yn plakjes snije en yn in pankoekspanne efkes opwaarmje en dêrnei mei it útbakte fet troch it beslach riere. It izer ferwaarmje en ynfetsje. By it bakken moat it izer geregeld (meastal nei twa spekkoeken) ynfette wurde.

De woarst ek yn plakjes snije. Op it izer wurde twa plakjes woarst lein. Dêrop wurdt in ytleppel beslach dien dêr’t twa plakjes spek yn sitte. It izer tichtknipe en de pankoek oan beide kanten bakke. Dat giet frij fluch.

Wannear’t de spekkoeke gear is, dy ôfkuolje litte en fuortdaliks op in board of skaal lizze en sa opsteapelje. De koeken wurde meastal net fuortdaliks iten, mar pas ien of twa dagen nei it bakken. As se noch waarm binne, binne se noch knapperich en dat is fansels ek lekker! De spekkoeken moatte koel en net te drûch bewarre wurde. Yn ’e kuolkast yn in tichte tromp bewarje.

Foto: Wikipedia/Tammojan – CC BY-SA 3.0

Hawwe jo ek in tradisjoneel Frysk resept, of miskien wol in Frysk resept mei in eksoatyske twist, stjoer dat dan nei de redaksje fan It Nijs: ynfo@itnijs.frl.

desimber 30, 2021 14:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.