Provinsje easket folweardige stúdzje Frysk yn Grins – en oars gjin jild mear

desimber 3, 2021 19:13
De RUG yn Grins (foto: Wikipedia/Fruggo – CC BY 1.0)

De Ryksuniversiteit Grins moat wer soargje dat der in folweardige stúdzje Frysk komt. Dat seit it provinsjebestjoer fan Fryslân. Sa’n stúdzje wie der yn it ferline wol, mar sûnt 2012 kin Frysk alinne noch mar as byfak of as lyts ûnderdiel fan de stúdzje Minderheden en meartaligens folge wurde. Dat wie yn in tiid dat de universiteit lytse stúdzjes ophefte of ôfskafte.

De provinsje is ek bang dat de learstoel Frysk ferdwynt as perfester Goffe Jensma takom jier mjirkes wurdt. Deputearre Sietske Poepjes is benaud dat Jensma opfolge wurdt troch ien dy’t wol in soad fan minderheden of meartaligens wit, mar net fan it Frysk. De provinsje wol dêrom dat Jensma en in groep oare saakkundigen in stim hawwe yn de beneaming fan in nije heechlearaar.

It bestjoer fan de letterefakulteit, dêr’t Frysk ûnder falt, wol dêr neat fan witte. Eksternen hawwe neat te sizzen oer personiel fan de universiteit, is it betinken fan fakulteitsdekaan Thony Visser. Neffens de provinsje is it sjoen it belang fan in stúdzje Frysk foar de twadde rykstaal wol te ferdigenjen dat er meipraat. Wetlik sjoen hat de provinsje de soarchplicht foar it Frysk yn it heger ûnderwiis, skriuwt frou Poepjes. Frou Visser seit dat der wier gjin saakkundige op it mêd fan it Italiaansk as nije heechlearaar Frysk beneamd wurde sil.

Lit de universiteit it meikedizen fan de provinsje net ta, dan sil de provinsje deroer neitinke oft it jild dat oan Frysk bestege wurdt – struktureel mear as twa ton yn it jier – oan in oare universiteit jûn wurdt.

It brief fan de provinsje wie Frysktalich. Frou Visser wol der yn de universiteitskrante net op reagearje foardat it yn it Hollânsk oerset is, hoewol’t hja sels Frysktalich is.

desimber 3, 2021 19:13
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. Gauke desimber 4, 05:34

    “It brief fan de provinsje wie Frysktalich. Frou Visser wol der yn de universiteitskrante net op reagearje foardat it yn it Hollânsk oerset is, hoewol’t hja sels Frysktalich is.”
    Dat docht wat tinken oan de rjochters fan eartiids.

  2. Laurentius van der Heide april 21, 08:53

    hoe is nu de status van het Frysk op Unief RuG Groningen? Met betr. tot de definitieve beslissing ja/dan / neen Leerstoel Frysk?

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.