Protte Nederlanners nei Oldenburg te winkeljen en te iten

desimber 31, 2021 08:47

Safolle as yn Antwerpen binne it der net, mar ek yn it East-Fryske Oldenburg – op in oere riden fan de Nederlânske grins – geane in protte Nederlanners te winkeljen en te iten.

Foto: Wikipedia/Dr. Bernd Gross – CC BY-SA 3.0 de

Hoewol’t ek yn Dútslân it tal besmettingen tanimt, sei de nije Dútske minister fan Folkssûnens earder al dat it lân net opnij in tichtplicht kriget. Wol binne mûlekapkes oeral ferplichte. Yn restaurants wurdt strang op de koroanapas kontrolearre, mar alles is gewoan iepen. Dat hat in grutte oantrekkingskrêft op Nederlanners. Yn de parkeargaraazjes yn Oldenburg stiet it fol mei auto’s mei giele kentekenplaten.

Minister De Jonge die fan ’e wike opnij in driuwende oprop om just net de grins oer te gean. Mar dêr hawwe de Nederlanners yn Oldenburg gjin boadskip oan. Winkeliers kinne de ûnferwachte ekstra Nederlânske klandyzje tige wurdearje nei in dreech twadde koroanajier.

desimber 31, 2021 08:47
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Kerst Huisman jannewaris 3, 13:20

    Oldenburg is net East-Frysk. Mar wêrom neame wy dy stêd by de Dútske namme. Wy sprekke dochs ek fan Berlyn en net Berlijn of Berlin. En ek net fan Helgoland en Köln. Ik wol derfoar pleitsje, dizze stêd fan no ôf oan yn it Frysk Âldeboarch te neamen en ta te foegjen oan ús list fan eksonimen, dat wol sizze: de list fan Fryske oantsjuttingen foar plaknammen bûten it Fryske taalgebiet. Want eksonimen meitsje ús taal ek ta in echte taal.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.