Priiswinners Fryske sinteklaasgedichtewedstriid bekend makke
Resint ferskynd
Nei oanlieding fan de lansearring fan it nije online taalportaal Frysker.nl hawwe de Fryske Akademy en de Provinsje Fryslân in sinteklaasgedichtewedstriid foar jong en âld organisearre. 42 prachtige gedichten binne ynstjoerd, de priiswinners binne freed bekend makke.

Boarne: Provinsje Fryslân
De winners
Nei it sjueryberied binne de winners fan de Fryske Sinteklaasgedichtewedstriid:
- Yn de kategory folwoeksenen: Titia Lindeboom út Minnertsgea
- Yn de kategory jongerein (13-21 jier): Erwin van den Bosch út de Harkema
- Yn de kategory bern (o/m 12 jier): Brecht Bolink fan de Sint-Gregoariusskoalle út Blauhús
De sjuery
De sjuery bestie út Eric Hoekstra (Fryske Akademy), Nienke Jet de Vries (Provinsje Fryslân) en Sigrid Kingma (Dichter fan Fryslân).
Gedichten online
Nei de jierdei fan de goedhillich man binne begjin nije wike de priiswinnende gedichten op de webside fan de Fryske Akademy te lêzen.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje