Politikus út grutte stêd ferbiedt Eastfriezen om Nederdútsk te praten
Resint ferskynd

Yn de East-Fryske gemeente Ostrhauderfehn/Oosterfeen is de omgongstaal al in pear hûndert jier it Nederdútsk, ek wol Platdútsk of Nedersaksysk neamd. Yn de lytse plattelânsgemeente is it tradysje dat de gemeenterie ien kear yn it jier ris net it formele Heechdútsk praat, mar in folsleine gearkomste yn de eigen taal fiert. Lju fan bûten dy’t dat net kinne, meie wol Heechdútsk prate.
Foar Manfred Cybalski, in nij riedslid foar de partij Die Grünen, wie dat net genôch. Cybalski komt út Hessen yn it Ruhrgebiet, wennet al sûnt 1980 yn East-Fryslân, mar seit dat er gjin Nederdútsk ferstean kin. Hy woe dan ek net lije dat de oare riedsleden ferline wike harren memmetaal brûkten yn de tradisjonele Nederdútsktalige gearkomste.
Dat koe er ôftwinge, want it Nederdútsk is dan wol erkend as streektaal yn Dútslân, mar net as bestjoerstaal. De Dútske wet skriuwt foar dat yn it iepenbier bestjoer it Heechdútsk brûkt wurde moat. Sa moasten alle oare riedsleden harren om Cybalski ferbrekke.
It anty-Nederdútske sentimint leit net oan Cybalski syn partij. Syn partijgenoate Filiz Polat yn it Dútske parlemint, de Bûnsdei, set har krekt hurd foar it Nederdútsk en oare lytse talen yn. Politikus Klaus Dieter Bleeker út Detern skriuwt op Facebook dat er Cybalski der jierren lyn, doe’t hja beide yn de regionale polityk aktyf wiene, al op wiisd hie dat er ris Nederdútsk leare moast.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje