Podcast ‘Thuis’ oer de echte ferhalen efter advertinsjes op huzesiden
Resint ferskynd
Oeren kinne Karolien Berkvens en Madelon Meester op huzesiden skrolle om harren te fernuverjen oer de (wan)smaak fan oaren, harren te ferwûnderjen oer hoe moai’t guon wenje of op wat foar nuver plak beskate huzen steane. Meastal bliuwt it by fantasearjen oer de bewenners, mar yn de DOCS-ôflevering Thuis gean se wapene mei mikrofoan op ’en paad. Hja hifkje harren ferwachtingen oan de werklikheid en sammelje de bysûnderste ferhalen.

Foto: NTR/VPRO
Huzesiden binne tige populêr. Allinnich de grutste is al goed foar fiif miljoen unike besikers yn ’e moanne. Lang net al dy minsken binne yndied op syk nei in wenning. Fierwei de measten binne nijsgjirrich: einliks kinne se skamteleas nei binne gnuve, sûnder ynienen eachkontakt mei in bewenner te hawwen. De opfallendste advertinsjes wurde graach op sosjale media dield. Der wurdt lake om rommelige huzen, boufallen of wenten dêr’t in beskaat tema nochal fier trochfierd is. Se folje op basis fan foaroardielen yn wa’t der wenje, mar geane selden op syk nei it echte ferhaal.

Foto: NTR/VPRO
Advertinsjes as startpunt
Yn it trijelûk Thuis binne de advertinsjes it útgongspunt, en dêrnei folgje echte moetingen. Berkvens en Meester freegje harren ôf: wat fertelt ús hûs en de reden om te ferhúzjen oer ús en de tiid dêr’t wy yn libje? En wat litte we benefter as we fuortgeane? Wat begjint mei ferwûndering oer opmerklike advertinsjes lykas in fotosearje dêr’t it omtinken ôflaat wurdt troch ferskate mispleatste bisten, mûnet út yn oangripende petearen dêr’t de huzen al gau yn op ’e eftergrûn komme te stean.
Woansdei 8 desimber yn de podcast DOCS.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje