Pier Bergsma: Reinier Paping en syn Brinta

desimber 23, 2021 16:29

Boarne: de Volkskrant

Kollum

Hjoed wurdt der yn kranten wiidweidich omtinken jûn oan it ferstjerren fan Reinier Paping, de Alvestêdetochtwinner fan 1963. Ik siet doe op de kristlike Juliana Kweekschool yn Drachten. Wy krigen frij dy freed 18 jannewaris.

Dus hoegde ik net fan Jobbegea op ‘e fyts de 17 kilometer nei Drachten. Wy krigen Frysk fan frou Post-Beuckens, de skriuwster Ypk fan der Fear. Dêrneist late sy de toanielklup en wy krigen Bibelske les fan har. “It wurdt moardzjen”, sei se. Paping helle it op in board Brinta. Hjoed stiet yn de Volkskrant in rou-advertinsje fan Brinta. Dêr soe Reinier grif om lake hawwe.

Yn myn ûnthâld wie it reedriden op dat stuit net sa útnûgjend. Te folle snie op it iis en glûpende kâld. Ik hie it leard op houtsjes mei learen fiters, dy’t hieltyd losgiene. Yn it begjin moasten de redens geregeld oerbûn wurde, mar nei in skoftke hoegde dat net mear.

Ik bin úteinlik in fûleindich reedrider wurden en it reedriden giet hjir noardlik fan Hurdegaryp yn it moaie Bûtenfjild poerbêst. Ik hâld net fan iisbanen en as ‘taskôgerssport’ is it net myn hobby, al bewûnderje ik de enoarme faasje fan de reedriders yn Thialf. Nei de útfining fan ’e klapreed geane se hurder as ea. Der komt lykwols in tiid dat rekôrs net mear brutsen wurde. Der komt in tiid dat it net hurder kin, om’t men net earder oankomme kin as men fuortgiet.

Dêr moast ik oan tinke doe’t ik koartlyn lies dat ús minister foar ûnderwiis, Arie Slob, it ûnderwiis ekstra jild tasein hat om de prestaasjes te ferbetterjen. It Sosjaal en Cultureel Planbureau hat fêststeld dat ekstra jild yn it ferline, bygelyks yn it ûnderwiis, net laat hat ta mjitber bettere resultaten. Dat seit neat, want men kin net alles mjitte. Sa is myn fertriet dat wy noch gjin winter ha net te mjitten.

Dochs haw ik om folslein oare redenen myn twivels oer dat ekstra jild. Yn it foarste plak omdat ekstra jild foar it ûnderwiis foar in grut part net komt dêr’t it heart, nammentlik op de wurkflier. Begeliedingstsjinsten, saakkundigen en burokraten profitearje der ûnevenredich fan. Mar myn twivel sit ek by dat reedrydferhaal.

Op in bepaald stuit jildt ek yn it ûnderwiis dat it net folle better kin. It is as mei it reedriden. Yn it begjin leare bern de dingen mei fallen en opstean en moatte de ‘houtsjes’ geregeld oerbûn wurde, mar nei in skoft sit de gong deryn en giet it net folle flugger en better. Sûnder ekstra jild.

desimber 23, 2021 16:29
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. Eelke lok desimber 23, 16:39

    Oan Pier, jim krigen frij en wy op de hbs net. It is de ienige dei west dat ik spijbele ha….

  2. Sybren desimber 23, 17:16

    Ik wie doe tsien hier, we hiene tja Jonges ut Rotterdam te sliepen. Us heit makke mei de filmclub Kleare Kimen in film oer de tocht. Hij kaam erom fan de grutte Wielen doe’t de kamera fan de froast fest run en de Keningin hast troch it iis gong.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.