OMT advisearret strange tichtplicht

desimber 18, 2021 09:31

It Outbreak Management Team advisearret it kabinet om in strange tichtplicht yn te stellen om de opmars fan de Omikronfariant fan de koroanagoarre ôf te remjen. De deskundigen wolle dat sawat alles slút: inkeld de essinsjele winkels lykas supermerken soene iepen bliuwe meie, befêstigje Haachske boarnen.

Foto: GGD

Dat soe betsjutte dat ûnder mear de hoareka, net-essinsjele winkels en de kultuersektor wer ticht moatte. Alle skoallen en oare ûnderwiisynstellingen soene wat de eksperts oanbelanget ek slute moatte. Freed waard al dúdlik dat der by it OMT grutte noed is oer de rappe ferpleatsing fan it firus.

Oft it kabinet it advys ek oernimt is noch net dúdlik, mar dat wurdt wol ferwachte. Sneon is der in spoedoerlis fan it demisjonêre kabinet nei oanlieding fan it OMT-advys. Dêr wurdt oer mooglike oanfoljende maatregels besletten.

Nei alle gedachten wurdt hjoed in nije parsekonferinsje holden om de nije maatregels buorkundich te meitsjen, sizze Haachske boarnen. De nije maatregels sille dan fan ’t wykein al yngean, om in te grutte tarin op winkels en restaurants foar te wêzen.

desimber 18, 2021 09:31
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.