Omikron is net sa nuodlik as oare koroanaskaaien
Resint ferskynd
- Britten lilk oer omseagjen ferneamde ‘Robin Hood-beam’ 0
- Jier ekstra wissichheid foar 36 Fryske kulturele ynstellingen 0
- Nije dichtbondel fan Elske Kampen: ‘Net fiksearre hûs’ 0
- Provinsje stipet sjonger Joost Klein om nei Eurofyzje Sjongfestival 0
- Kinke Kooi wint provinsjale Gerrit Bennerpriis 2023 0

Dy’t besmet wurdt mei omikron, hat in folle lytsere kâns dat er slim siik wurdt as minsken dy’t ien fan ‘e oare koroanaskaaien oprinne. Dat docht bliken út nij Britsk ûndersyk.
De kâns om nei in besmetting mei de deltafariant (de Yndiaaske foarm) yn it sikehûs te bedarjen is hast twa kear sa grut. Dat waard al grute, mar om’t de eardere gegevens út Súd-Afrika kamen, mei in jongere befolking, wie net wis oft it yn Europa ek sa útpakke soe.
Foar yndividuen wurdt de kâns op slimme sykte dus lytser troch it oanwinnen fan de omikronfoarm, mar oft de maatskippij der ek minder hurd troch rekke wurdt, is net dúdlik. Mooglik wurdt it sels slimmer, omdat omikron-koroana folle besmetliker is as de âldere firusfoarmen. Mikrobiolooch Marc Bonten seit: “Je moet deze resultaten afzetten tegen het aantal mensen dat geïnfecteerd raakt. Als dat twee keer zo veel is als bij de deltavariant, heb je net zo veel mensen die in het ziekenhuis terechtkomen.”
Dêr komt by dat as in soad minsken siik of yn karantêne thús sitte, der in grutte kâns is dat der te min dokters, brânwachters, plysjes, leararen en oare minsken mei wichtige beroppen beskikber binne om Nederlân sûn, feilich en draaiende te hâlden.
Epidemiologe Alma Tostmann warskôget minsken dat se net tinke moatte dat it no wol sûnder prip kin: “Je hebt minder kans dan met de deltavariant om in het ziekenhuis terecht te komen, maar nog steeds is de kans veel groter dan wanneer je gevaccineerd bent.”
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje