Oanlis iepenbiere laadpeallen set útein

desimber 3, 2021 11:18

boarne: pixabay.com

Sûnt 1 desimber kinne ynwenners fan Fryslân iepenbiere laadpeallen foar elektryske auto’s oanfreegje. Foar ein 2023 komme der yn de provinsje 700 publike laadpeallen by. Alle peallen ha twa laadpunten. In wichtige opstap nei in folslein dekkend laadnetwurk dat yn de kommende jierren fierder útwreide wurde sil. It bedriuw TotalEnergies hat de oanbesteging wûn en leveret en pleatst de laadpeallen.

In folslein netwurk fan iepenbiere laadpeallen makket elektrysk riden tagonkliker. Fan de 18 Fryske gemeenten nimme der 17 diel oan de konsesje foar it pleatsen fan laadpeallen. It útwreidzjen fan it laadnetwurk bart ûnder oare op basis fan oanfragen fan ynwenners. De laadpeallen komme op publike lokaasjes. Ynwenners mei in elektryske auto mar sûnder eigen oprit kinne in laadpeal oanfreegje. Dat jildt ek foar bedriuwen. Om út te meitsjen wat goede lokaasjes foar de laadpeallen binne, wurdt ek sjoen nei de belêsting fan it netwurk. De laadpeallen binne foar algemien gebrûk en net allinne foar de oanfreger.

Deputearre Avine Fokkens-Kelder fertelt dat de Fryske oerheden har lang taret hawwe. It tanimmend tal elektryske auto’s ferget in goed laadnetwurk. Dat past by de ambysjes foar duorsumheid. De earste fan de 700 nije laadpeallen komt der neffens har begjin 2022.

Lokale duorsume enerzjy
Njonken de ynkeap fan Nederlânske duorsume stroom út sinne en wyn stimulearret TotalEnergies it opwekjen fan lokale duorsume enerzjy. It ynkeapjen fan duorsume stroom wie in oanbestegingseask. It opwekjen fan lokale duorsume enerzjy wie in grutte winsk. Troch stroom yn te keapjen by ferskate lokale produsinten yn Fryslân op it stuit fan laden bringt TotalEnergies it opwekjen en it ferbrûken fan stroom tichter byinoar. Dat is net allinnich griener, mar ek kostebesparjend en it foarkomt drokte op it net.

In laadpeal oanfreegje kin fia www.laadpaalnodig.nl. Dêr steane ek de betingsten beskreaun. Gemeente Súdwest-Fryslân hat in eigen konsesje. Ynwenners fan dy gemeente kinne foar it oanfreegjen fan in laadpeal terjochte op de webside fan de gemeente.

desimber 3, 2021 11:18
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.