Nije útbater foar De Krúswei Damwâld

desimber 25, 2021 09:02

It bestjoer fan stifting Doarpshûs de Krúswei hat in nije hierder fûn foar De Krúswei yn Damwâld. De 35-jierrige Boudewijn Von Brucken Fock út Feanwâlden wol it brún kafee ferbouwe ta in nijmoadrich restaurant mei terras. Mei dêrby noch in eveneminteseal en grutte gearkomsteromte. It bliuwt ek in doarpshûs.

De Krúswei yn Damwâld (foto: Gemeente Dantumadiel)

Boudewijn Von Brucken Fock komt oarspronklik út De Haach en wurket op it stuit by in hoarekagelegenheid yn Dokkum. Doe’t er foar it earst yn Damwâld kaam, foel it karakteristike gebou út 1881 him fuortdaliks op. “It is in tige geef gebou mei in protte mooglikheden yn it sintrum fan it doarp. Ik haw in soad sin oan om it aventoer oan te gean. Bin no hurd op syk nei in goede sjefkok.”

As it fanwege de koroanamaatregels wer mooglik is, wol Von Brucken Fock yn maart 2022 de doarren fan it ferboude restaurant iepenje. “Op syn minst twa kear yn ’e moanne kinne doarpsbewenners yn ’e seal fan de Krúswei foar mienskipsaktiviteiten terjochte. As dêrneist it hoarekapart ien kear rint en it wer mei, wol ik de seal ek wer brûke foar eveneminten, brulloften en resepsjes.”

Sûnt 2009 is de gemeente Dantumadiel eigner fan it Ryksmonumint. Fan 1 jannewaris 2022 ôf wurdt stifting Doarpshûs de Krúswei as hierder ferantwurdlik foar it behear, de eksploitaasje en dêrmei de ôfspraken mei de útbater. “It doarpshûs is op dy wize écht fan it doarp. Wy hawwe betrouwen yn it bestjoer dat it slagget”, seit wethâlder Gerben Wiersma.

desimber 25, 2021 09:02
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.